Ús mem hat – bûten oare foltsaardichheden – nea wenne kinnen oan it Drintske brûkme suver alles leech te lizzen en te ferlytsjen, troch te pas en te ûnpas de diminutyffoarm te brûken. As ik my de eagen tadoch, hear ik har jit immen – likefolle wa – yn ‘e bek hoarten: ‘Hij heet geen Japie, hij heet Jaap!’ Faaks fielde se doe al oankommen dat der by har âldste soan noch in foech meter en goed twahûndert pûn bykomme soene. It wol my lykwols mear oan dat se sljuchtwei it mier hie oan ferlytsingswurden. Dat fûn se as grutske Friezinne lytsboargerlik en kliemsk.

Fergruttingswurden, dat hie wat foar har west. Mar ek yn ús memmesprake moatte wy ús skewiele mei helpwurden as wy eat gruts oantsjutte wolle: grutte Pier, in baas boat, in fiks frommes, in gewûpste keardel ensafuorthinne. Dêrom hie ús mem nei alle tinken wol bankje kinnen yn it Romaanske taalgebiet. Yn it Portugeesk bygelyks wurdt de namme Ronaldo mei gauwens ferlytse ta Ronaldinho, dat is wier, mar in beam fan in basisspiler fan Benfica dy’t Luís hjit, wurdt Luisão. In freon is in ‘amigo’, in grutte freon in ‘amigão’. Sa hat it paradyslike plakje dêr’t myn wiif berne is en dêr’t wy no wenje, altyd in grutte hôf mei fruchtbeammen (= pomar) west, en hjit dêrom Pomarão.
Hin?
Ja, in Hôf fan Eden yndied. Ik neamde it doedestiids ‘myn Itaka’ doe’t ik hjir mei it sylboat te lâne kaam en de leafde fan myn libben my om ‘e hals foel. Mar, Hôf fan Eden tinkt my ek goed.