Minister Grapperhaus fan Justysje sil ûndersyk dwaan nei de rjuchtskepenens fan syn ministearje en it wittenskiplik ûndersykssintrum dêrfan, it WODC. Ut ûndersyk fan Nieuwsuur-sjoernalist Bas Haan die bliken dat beliedsamtners en ûndersikers der gjin bonken yn sjen en jou rapporten oer it Nederlânske drugsbelied de fan ’e polityk winske útkomst – likefolle oft de ûndersyksrisseltaten dêrmei akkedearren of net.

Frans Leeuw, direkteur fan it WODC, neamt soks ‘kontekstualisearjen’ en de doedestiids ferantwurdlike minister, Ivo Opstelten, hie it oer ‘stjoeren’. Mar it wie planút manipulaasje, ligen as in prefester, de ûnskeamele produksje fan wierheden neffens bestel, ferrifeljen fan it parlemint en de boarger mei.

Dat de ûngenêslike regint Opstelten him yn wittenskiplike korrupsje joech, dat docht gjin nij: de regint docht fan âlds op it aventoer in wraam op de bak mei lullifikaasjes en druk syn plannen troch, sûnder him te bekroadzjen om wierheid, dom folts en krimmenearders yn de Keamer.

De hege amtners dy’t mei yn ‘e kompe wiene waarden der sa’t liket ek net oars fan en stel de winsken fan har heechste baas boppe objektive wierheden – men moat net fierder springe as jins pols lang is, as jins offysje jin leaf is. Dat it op it ministearje in janboel wie dat wisten wy al in skoftke, mar likegoed bringt it ymponearjende wrotten fan Bas Haan slach op slach jin de siken besettende feiten oan it ljocht. By de hân krige fan Haan kuierje wy it bananekeninkryk Nederlân yn – en wy wiene yn ’e ferbylding dat wy sa rjuchtskepen wiene.

Dat wittenskipslju, ûnder oanfiering fan Leeuw – teffens heechlearaar yn Maastricht – har foar dy karre slaan litten hawwe is faaks noch it soarchlikst. Hja binne it bolwurk fan saaklike arguminten, feiten, objektivens en ûnôfhinklik ûndersyk fan dizige politike plannen. Alteast, dat soe sa wêze moatte. Ut de oan ’t ljocht brochte dokuminten komt de sosjolooch Leeuw nei foaren as in skelmer dy’t mâle graach syn prinsepealen skewielde en dy’t tige reewillich wie en yntimidearje dêr syn ûnderhearrigen ta en wâdzje mei hoazzen en skuon oer har hinne.

Nederlân tilt op fan de ûndersyksburokes dêr’t men rapporten bestelle kin mei in garandearre útkomst. Schiphol betsjinnet him dêrfan. Mar it is wat oars as krekt it wittenskiplik buro fan wat it hert fan ús rjuchtssteat wêze moatte soe, it ministearje fan Justysje, him oan sokke kullerij bekweadiget.

Doe’t de wittenskipsman Diederik Stapel yn 2012 ekskommuniearre waard út reden fan syn ûnregelmjittige ûndersykjes, wie Nederlân yn trewyn. Stapel wie prinsepeal slachs mei ûndersykjes dy’t omdôch wiene mar o sa nijsgjirrich foar kaderkes yn ’e krante. It WODC ûndersiket kwestjes dy’t foar elts fan ús fan wêzentlik belang binne en basis foar regearingsbelied. Hja hiene lykwols deselde noarmen en wearden as Stapel: jo paaie, wy draaie.

It falt net ta foar yntegere ûndersikers by oare wittenskiplike oerheidsynstellings as it SCP, CBS en RIVM. Hja binne troch de WODC-skelmers hookstrooks de Russen fan it wittenskiplik ûndersyk wurden: hja moatte bewiizgje dat se geef binne. Hoe sit it mei de ûndersikers fan oare ministearjes? Hawwe se dêr ek tsjûke swarte stiften foar it kontekstualisearjen? Wa kinne wy noch op bouwe, no’t bliken docht dat polityk en wittenskip der net foar omlizzen gean gear te stokeljen en naai ús poepelerij yn ’t ear.

De WODC-kwestje is folle essinsjeler as it earder fan Haan foar it ljocht helle bontsjesaffearen. De oerheid skyt op de wierheid en ûnderminet de demokrasy en it betrouwen yn ’e ynstitúsjes. En dat betrouwen is dochs al mâle rij.

Skylk sille tsien gemeenten eksperimintearje mei it regulearjen fan softdrugs, ûnder juridysk tafersjuch fan it WODC. As de strontbiezem dêr net mei krêft trochhinne helle wurdt en de ûnôfhinklikens garandearre, is de konklúzje al by foarried yn kalk en semint.