It ûndersteande ferslach fan de befrijing haw ik fûn ik yn in âld opskriuwboekje fan ús mem. It jout neffens my in nijsgjirrich krekte sfearbeskriuwing fan de alteraasje, de ûnstjoer, de bolbjirkenens en it besleur yn dy emosjonele dagen, besjoen troch de heldere eagen fan in famke fan santjin jier. Ik haw it stikje oerset nei de hjoeddeiske stavering. Guon wurden koe ik net (goed) mear lêze. Dy haw ik tusken heakjes set, want ik kin har spitigernôch net mear freegje wat der stiet.

Snein, 15 april 1945

Us Pyt wie yn Nyegea. Om’t de tastân krityk wie, hiene wy him mar leaver thús.
Freedtemoarns om healwei sânen is ús mem op ‘e fyts ôfset en helje him. Dy dei gie net stil foarby, want de Dútsers lieten it fleanfjild springe. It wie in almeugend bolderjen en dreunen en dat gie sa de hiele dei troch.
Tsjin seizen kaam ús mem mei ús Pyt thús. Hja wiene allegear binnenpaden by lâns fytst en ûntrin de Dútsers; om’t dy allegeduerigen fytsen naderen, sjuch.
Hja fertelden ús dat der al wat bysûnders te rêden wie, om’t de soldaten rju oarderleas omtoarken. Yn Nyegea hiene de minsken net witten wat der om en ta gie, mar de oare moarns waard der sein, de Ingelsen sieten al yn Drachten en yn Grou.

Ek juster noch wiene der hieltyd grutte ûntploffingen op it fleanfjild. Justerjûn om healwei achten waard der út Ljouwert wei skille, dat it grut alarm wie en dat de Ingelsen foar de poarten fan Ljouwert stiene.
Dat joech in soad opskuor yn Stiens; foaral doe’t bliken die dat it wier wie. Want men leaude de dingen stadichoan net sa gau mear; der waard safolle sein.
Mar om it hurdsje hearde men ôfgryslike ploffen, oft der sketten waard. Wy tochten oan neat oars as oan freugdeskotten fan de Tommys, mar doe’t wy op ‘e brêge kamen, seagen wy it al oars; it wie in opslachplak foar munysje op it fleanfjild dy’t se springe lieten. In prachtich gesicht wie dat. It duorre in hiel skoft foar’t it wer ophold.
Ynienen waard der roppen: “Dêr binne de Ingelsen!” Wy stoden dêr allegearre hinne en doe die bliken dat it fjouwer Dútsers wiene fan it Reade Krús. Hja wiene stean bleaun en bestudearje de kaart.
Der kamen fan ‘e kant fan Ljouwert noch in protte Dútske parasjutisten. De Reade Krússoldaten fregen wêr’t hja hinne gongen. Hja anderen: “Nei de kust ta! En dan nei hûs”. “Dan geane wy mei!” wiene se fuort út ‘e rie; en dêr gong it stel hinne.
Dat wiene de lêste Dútsers dy’t wy yn Stiens sjoen hawwe.

Wy moasten yn ‘e besettingstiid om acht oere yn ‘e hûs wêze, mar it is justerjûn al wat letter wurden; net ien hie der smjucht op om nei hûs ta.
Fannacht hawwe wy der faken efkes út west en sjuch nei de fûle brân dy’t der yn Ljouwert wie.
Letter die bliken dat it Alde Boarger Weeshûs ôfbaarnd wie. De loft wie de gânse nacht read kleure.

Fan ‘e moarn wiene de Tommys noch net yn Stiens, mar om healwei ienen… in auto en in motor mei de ûndergrûnse deryn, mei allegear oranje.
Fan ‘e middei gongen Jo en Laury(?) en ik nei Ljouwert ta om te sjen wat dêr te rêden wie; en dat wie wit hoefolle! Der wiene smiten folk op geandewei nei Ljouwert ta.
Underweis waard ús sein, de Dútsers wiene wer yn Ljouwert. Guon waarden doe kjel en woene werom. Mar, wy wiene op ‘e stap en woene no ek wat sjen!
Wy wiene by it Katolike sikehûs, dêr’t ús oandacht lutsen waard troch in pear hurd dravende minsken. Wy fregen wat der te rêden wie. Hja seine, dat der fergees sigaretten foar manlju en sjokela foar froulju weijûn waard. Wy dêrhinne, mar… wer te let fansels!
Nei noch efkes wachte te hawwen binne wy doe de stêd yn gien. Op ‘e omgong fan it sikehûs stiene noch al ferwûne Dútske soldaten; hja soene ek wol gau ôfsette.

Yn ‘e stêd wie in protte folk op ‘e lappen, want der soene Kanadeeske tanks foarby komme. Mar wat er ek kaam, gjín tanks!
It begûn ús yn te baarnen, dat wy gongen wer fierder.
Yn ‘e Beetgumerstrjitte wie it rûch fan ‘e minsken; dus dêrhinne fansels. Der waarden skotten lost en der wie gâns opskuor mank de mannichte…
It die bliken dat der in pear NSB’ers ophelle waard; it wiene der trije, gâns telider slein. Hja moasten mei de hannen yn ‘e nekke rinne, mar der wie in âld bienbitich mantsje by dy’t dat net koe en nei’t se him earst mei ’t gewear flink op ‘e bealich jûn hiene, mocht er dan gewoan rinne. It begrutte my al wat.
Wilens wiene wy op ‘e Nijstêd oankommen lyk foar it polysjeburo oer, dêr’t de N.S.B.ers en de moffelodskes opbrocht waarden. Dêr hawwe wy in hiel skoft stien en… ik moat bekenne dat ik my doe skoan fermakke haw!

Pas letter fûn ik it goed besjoen skandalich, en dizze metoaden net folle better as dy fan ‘e Dútsers. Sa’t se dêre mei oranjeflachjes en foto’s fan Hitler rinne moasten, en sa’t manlju lykas froulju tramtearre en ta’n it plysjeburo yn stompt en wâde waarden…
Ik fûn it earst allegearre prachtich, hear, lykas alle minsken dy’t dêr stiene!
Mar ja, dat kaam fansels ek fan ‘e blidens; de lju wiene allegear gek, geld en grien. Al dy jonges dy’t net mear thús hoegden te bliuwen. De âldelju dy’t net mear yn noed en soarch hoegden te sitten hoenear’t der Dútsers foarby komme soene…
Mar, doe’t de earste betsjoening wat oer wie, begûnen de lju nei te tinken, en de iene nei de oare skamme him eins. Dêr wiene yn grûn en wêzen poerbêste minsken by, dy’t it sa net bedoeld hiene.
Mar ja, wiswier, dy lju dy’t ús jonges ferret hiene… no, litte se dy mar ophingje! Mij bêst! Dy’t net oars wol, dy’t net oars sil!

Moandei, 16 april 1945

By it lemieren fan ‘e dei rieden de earste tanks troch de strjitten fan Stiens. De lêste tanks wiene de grutste en dy bleauwen stean foar de brêge.
Ik op in draaf nei hûs ta om dut boekje en in poatlead. De earste de bêste Kanadees joech ik myn boekje en it poatlead. Hy begriep fuort dat it my om hantekeningen te dwaan wie. Mar… wat in strop, de punt miste derôf! Dat wie my wat!
Ien fan ‘e omstanners [nl. K.K.?] bea syn poatlead oan, wat yn tank oannommen waard. Ik haw der yn in omsjoch acht krige; mear koe net, want hja moasten wer fierder, nei Harns ta, dêr’t noch fochten waard.
Fan ‘e middei haw ik der noch in pear krige, mar doe bin ik der mar mei opholden.

Tiisdei, 17 april 1945

Hjoed binne hjir wol in pear hûndert Kanadezen kommen en dy binne hjir in pear nachten bleaun, foar’t se nei Grins ôfsetten.
Ek op de pleats fan pake en beppe hawwe se ynkertiere west. Dy hawwe noch hiel wat mei de hearen belibbe; der wiene fuort fammen dy’t der mar mei in Kanadees op út woene.

Letter waard dat noch folle slimmer en binne der in soad warskôgings útgien, yn deiblêden en op ’e radio, nei de fammen en foaral de jonge famkes, dy’t sa ûnnoazel harren libben fersmieten; famkes dy’t somtiden al keap joegen foar in stikje sjokela of in pear sigaretten foar harren heit. Dy heiten sieten der neat net mei oanklaud dat harren dochters it mei Kanadezen holden, en tochten der sa’t skynt fierder net by wat dêr efterwei komme koe…