Yn ’e beneaming binne it ‘sosjale netwurken’, mar langer wol it my oan dat ‘a-sosjaal’ in krekter eigenskipswurd is foar applikaasjes as FB, Linked-In en sawathinne. Want mei foeterjen en kettermintsjen rispet men mear reaksjes as mei fatsoen- en skiklikens.
Oars sein, in kampanje tsjin earmoede of geweld kin op ‘en heechsten rekkenje op in opstutsen tûme, mar in wurd dat ferkeard falt giet men op ’e barrikaden foar. It is in nuvere wrâld wurden, ús maatskiplike engaazjemint dikmels net grutter as in opstutsen tûmke.

Ik moat earlik sizze, it komt my ek gauris oer dat guodzen – dy’t my dochs kenne moatte soene – my bytiden earnstiger nimme as ik mysels. Goedmoedige smeulskens krij ik somtiden fan it boppeste buordsje foar. Op it FB-webstee ‘Fryslân en de Fryske taal’ hat no ien it yn streken en krij mei krysttiid mear reaksjes mei lekkerij as in oar yn syn hiele libben mei lekkernij. Him sil wol tinke: It is my leaver dat se oer myn racheljen lulle, as dat se oer myn lul…
Ja, sa kin it wol ta, Jaap!

Myn ûntskuldiging!
Wat ik mar sizze wol is dat wy sa’t skynt de ûnûntwynbere driuw fiele en set de bile op alle oasten yn stee fan enerzjy te fergriemen oan wat wierliken wichtich is. It docht my – mar ik sis der fuort by, ik bin wat in apartenien – jimmeroan tinken oan dy lju dy’t doedestiids sa fûleindich kapsje makken op it homohoulik…
Watsjo?
Nee, it is net earlik sa dat ik dêr sa foar wie – dat bedoel ik net. It wie my winliken likefolle. As twa minsken de lapen gearsmite wolle, wat haw ik dêr dan mei fanneden?
Fral dwaan, soe ‘k sizze, frijens blijens!

Nee, wat ik bedoel is, dat ik dy lju dy’t sa fûl út ’e koker spilen en rôpen: ‘Wy stimme perfoarst net op in partij dy’t him net dúdlik útsprekt tsjin it homohoulik’ graach de frage stelle wollen hie: Jo stimme grif ek net op in partij dy’t him net dúdlik útsprekt tsjin oarloch en geweld.
‘Ehhh, no nee. Want oarloch en geweld hawwe wy – fan ús tsjerke teminsten – altyd wol foar west, sjuch. Benammen oarloch en geweld fan ús kant.’
Ik begryp it. Jimme – fan jimme tsjerke teminsten – sjugge leaver dat twa manlju inoar dea sjitte as dat se mei-inoar yn ’e lange hier gean. Fetsje ik it sa goed gear?
‘Ehhh, ja… ehh, nee.. eh…’

Ik sil jo helpe…
As jo soan moarn by jo te rie giet: ‘Ik wit net, heit, dy Bauke fan hjirnjonken, dy makket emoasjes by my los dy’t neffens my net rjucht te ferienjen binne – it iene stuit soe ik wol mei him trouwe wolle en it oare soe ik him wol sjitte wolle. Wat tinkt heit, wat sil ik dwaan?’, dan anderje jo: ‘Leave jonge, nim dan yn ‘e goedichheid de twadde opsje foar kar! Want wy – fan ús tsjerke teminsten – binne perfoarst tsjin op it homohoulik.’ Dat sizze jo dan, tink.
‘Ehh..’
Mar dan haw ik fuort noch in frage foar jo. Stel no, dat der in tiid komme soe – wat God ferhoedzje mei fansels! – dat it homohoulik de wenstige gong fan saken wurden is. En jo soan en Bauke hawwe mei-inoar in húshâlding mei grutte bern. Mar ynienen is der spul. Jo soan seit: ‘Bliksem, Bauke, ik wol skiede.’ Mar jimme – fan jimme tsjerke teminsten – binne yn it ginneraal poer tsjin op ûntbining fan it houlik, as ik it goed begrepen haw. Dat jo besykje op alle mooglike menearen it malkontint del te bêdzjen…

Sa bin ik bytiden wat yn ’e mimer wei, sjuch, oer wat winliken fan belang is en wat net. Mar, sa’t ik al sei, ik bin wat in apartenien.