Doe’t in Amerikaan okkerlêsten opskuor makke yn Las Vegas, mear as fyftich lju dea skeat en hûnderten slim ferwûne, joech it neffens de presidint gjin foech en bring it oanskerpjen fan ‘e wet op it aljemint – de wet op it stik fan extreme vetting fan lju dy’t in fjoerwapen keapje wolle.
“Soks docht men net yn tiden fan rou!”, woed er ha.

Doe’t in Arabier fjirtjin dagen dêrnei mei syn auto in rusk toeristen dea ried yn New York, stie er fuort nei de oanslach oan op it oanheljen fan ‘e wet – de wet op it mêd fan extreme vetting fan lju dy’t it lân yn reizgje wolle.
Mar… ehh, soks die men ommers net, yn tiden fan rou!?

Doe’t in Amerikaan okkerdeis in tritich minsken deaskeat yn in tsjerkje yn Texas, wied er krekt om utens, ús presidint – yn it Japan, as it my net mist. Doe’t him fan sjoernalisten frege waard oft it no faaks foechsum wie en praat oer it oanskerpjen fan ‘e wet op fjoerwapens, rôp er dat soks op dat stuit net it tema wie, om’t it krekt yn dut(!) gefal gong om in died fan – en no komt it! – in “dwylsinnige”…
Neffens my is eltsenien dy’t op eigen manneboet lju fan kant helpt, fierhinne dwylsinnich, mar… ik bin gjin presidint fan Amearika fansels. Dy is der ta stringenearre en besjuch soks wat krekter as ik, no!?

In dei letter hied er sa’t it skynt heard dat de oanbelangjende “dwylsinnige” deasketten wie fan in omstanner. Dat… hie der in strangere wet west, seid er mei in wetich glimke, dan hie dy omstanner faaks net iens in fjoerwapen ynhân, en wiene der nei alle gedachten noch smiten mear út ‘e ljochten holpen.

By de tiid witte wy dat in stranger neiriden fan ‘e regels gûl om goarre west hie, om’t… de databank fan ‘e loftmacht – dêr’t de “dwylsinnige” al yn foarkaam – net ferbûn is mei it lanlike systeem dat brûkt wurdt foar background checks. Itjinge neffens my sljuchtwei betsjut, dat dy gânse eksetra fan extreme vetting prinsepeal ornearre is en hâld tsjinstanners fan de frije ferkeep fan fjoerwapens stil – in tiger fan papier, om it sa mar te sizzen. Sokke oanslaggen en ûngemakken wurde stilswijend ynkalkulearre, ju, de Amerikaanske boarger hat soks al lang en breed akseptearre. Hja beskôgje dat as de priis fan harren frijdom – de frijdom in fjoerwapen yn te hawwen.