Pieter Omtzigt, parlemintariër foar it CDA, lei moandeitejûn it wurdfierderskip yn ’e kwestje MH17 del. Foarearst. Omtzigt wie yn omslach rekke troch in stik yn NRC Handelsblad fan ôfrûne sneon dêr’t yn stie hoe’t er ûnder in publykskolleezje oan de FU fan Amsterdaam yn maaie in ‘tsjûge’ fan de ramp sûfflearre hie en sadwaande bydragen hie en ikkerje aloan ende wei it fake-ferhaal op ‘en nij op oer Oekraynske strieljagers dy’t de MH17 delhelle hawwe soene.
De man hie gjin tsjûge fan ’e ramp west, want hy skaaide earne oars om. Dat hied er foar de gearkomste ek al fia in tolk oan Omtzigt witte litten. Dat hy hie ek gjin strieljagers sjoen, mar syn wiif al, seid er. Under de gearkomste sms’te Omtzigt de tekst dy’t de man by de omfraach útsprekke moast: ‘Ik seach it fleantúch delkommen. (…) Ik seach de slachtoffers, mar dêrtaboppe Oekraynske militêre fleantugen dy’t op 17 july oer ús hûs fleagen.’
Merakels tuskenbeidene toanieltekst mei trije bare leagens.
‘Alexandr’ frege ek noch wêr’t er him melde moast, mei syn ynformaasje. By it JIT (de ynstânsje dy’t ûndersyk docht nei de ramp), andere Omtzigt, dy wist dat de tsjûge troch it JIT al fersmiten wie as yrrelevant. ‘By it heechste orgaan desynformaasje fan mynhear Poetin’, sei FU-heechlearaar Arno Akkermans: it krekte antwurd.
Juster skreau Omtzigt op syn Facebook-pagina dat er it dien hie ‘mei de alderbêste yntinsjes’. Dat mei hinnebruie, al bliuwt it de fraach waans alderbêste yntinsjes. As saakkundige oangeande de MH17-matearje wist er dat de man it bryk ferkundige: it stiet fêst dat it fleantúch delhelle waard troch in Buk-raket – inkeld komplottinkers sjugge it oars.
Omtzigt smiet him steech en dreech op de MH17-trageedzje. Yn maaie rûn er yn syn jacht op de wierheid wittens te wapen mei leagens.
Sneon twittere Omtzigt dat er ‘ûnkrekt’ wurk makke hie. Moandei skreau er: ‘Dat hie net wêze moatten en ik haw der bekrûping oer dat ik dêr aktyf oan meiwurke haw en jou dy man in poadium op ’e gearkomste.’ Okee, point taken. Mar wêrom died er wittens en mienens mei oan in besykjen en ikkerje in efterhelle Russyske komplotteory op ‘en nij op?
Omtzigt is in achtenearre Keamerlid, teffens ûnder sjoernalisten. Dat die bliken út de reewillige fragen dy’t in tv-ferslachjouwer oan Buma stelde: ‘Hoe giet it no mei him, hy hat it der slim fan hân dit wykein.’ Dat waard fan Buma bewisse.
‘Hat er it him botte neinommen?’ frege de ferslachjouwer skerp.
‘Hy nimt it him grif nei’, sei Buma.
Ik hie stomme graach witte wollen oft Buma it ek inkeld ‘ûnkrekt’ achte. Of dat er faaks fan betinken wie dat Omtzigt him bekweadige hie oan noch wat oars, nammentlik in skot op desynformaasje, op ferkrantsjen fan fake-news, op de boel yn ûnstjoer bringen. En wêróm; it ferhaal tilt op fan de wêroms.
De kwestje krige linich wer fertroude Haachske proporsjes. It Omtzigt-affear brocht it hagelnije kabinet yn gefaar. Ien fantast dy’t Rutte III falle lit, lis dat mar ris út. En Poetin him mar fergrieme. Dêrom skjinne de loft justerjûn alwer ôf. De Volkskrant: ‘De kwestje liket dêr wol mei oplost sûnder konflikt yn de eigen fraksje.’
Omtzigt hat him brûke litten fan in yntrigant en hat him wittens holpen leagens te ferkrantsjen yn in iepenhûdige kwestje.