‘Begrypst soks no,’ freget my it wiif as wy op it nijs in kliber bern sjugge dy’t op bleate fuotten en mei flardeguod om ’e lea yn in ôfeartberch stean om te skuorren, ‘it is dêre skraabjen om ’e kant, hja sitte letterlik yn ’e jiske, it is earmoede mei illinde ombuorde, en dochs laitsje se allegearre nei de kamera, oft se de wrâld op in taffelsbuordsje ha. Begrypsto soks?’
Tsja, as wy dy’t yn ’e folop libje, gjin tsjûker spek te begearen, it rjucht hawwe erflik kleie, klieme en krimmenearje te meien, wêrom soene dy bern dan gjin wille ha meie? Watte? As wy ús siik frette meie, meie hja har dea laitsje. Earlik is earlik. Wat hja te min hawwe, sette wy ús it liif fan op ’e least – sic transit gloria mundi.
‘Mar, dat is ommers by de bisten omt ôf!’
Ik soe net koarter om ’e hoeke kinne, leave, neffens my hast de loarte dêr by de skjinne ein.

Okkerdeis frege my immen oft ik alris wat lêzen hie fan in sikere Harari. Ik andere fan nee. De titels dy’t er neamde lieten my lykwols tinke oan de boeken fan Richard Dawkins. Efternei die bliken dat ik dy Harari alris beharke hie op TED Talks.
Wat ús ûnderskiedt fan ’e bisten, seit er yn sa’n Youtube fideo, is yn ien wurd te heinen: leauwe.
It súkses fan ’e mins as soarte …
Watsjo?
Súkses, ja. Nee, ferjit dy heukerjende bern efkes! O, jo bedoelden winliken dy fol frettene …
Nee, Douwe, net dy ‘fûlfrettende’. Mei ik altemets myn sin efkes ôfmeitsje?
Tanke.
It súkses fan ús soarte – oer it ginneraal nommen dus – komt fuort út ús leauwe oan tinkbylden. Wy leauwe – Richard en my net meirekkene – bygelyks yn ‘in libben nei de dea’. Bisten – Richard en my meirekkene – leauwe dêr net yn. Dy leauwe it om sa te sizzen wol. Nee, bisten leauwe hielendal neat. Dat is it him no krekt, hja binne net ta leauwe by steat.

Ik-sei-de-gek hjit Jaap. Dat is net sa fansels, dat is in tinkbyld optocht fan ús âldelju. Yn werklikheid hjit ik gewoan Jan Blogger of, nee, Tiago Talho. Of wie it winliken Julião Pomarão? Hawar, wêr’t it om giet wy leauwe yn tinkbylden. Om in foarbyld te jaan, ik skriuw in stikje en wa kom ik dêr tsjin? In oar tinkbyld, te witten Douwe.
Alwer? Jo binne ek gauris op ’en paad, net.
Nee, wat ik bedoel is, bisten hawwe dat net – hja leauwe net. Al hielendal net yn tinkbylden – lit stean fan yn nammen. Nee ju, foar in bist is in oarenien net folle mear as in objekt. Lit ús wer by wize fan foarbyld oannimme, jo binne in bonobo-aap. Jo sjugge in oare bonobo-aap en …
Hee, ho, wêr sil dit hinne!? Sis, ophâlde no! Jim fersmoargje myn hiele stikje sa, dat wol ik hjir net, hear. Dit is op it lêst in foechsum blog, dat fan in soad lju …
No, fuort dan mar! Der is dochs net ien dy’t it sjucht, komt my no yn ’t sin. Wierje jim mar út!

Wêr wie ik bleaun? O ja, tinkbylden. Nim no jild. Jild is sa’n tinkbyld, dat wy optocht hawwe, mei’t dy earme bern dêre nea ofte ninter …
Hin?
Okee, ik sil in tinkbyld nimme dat wat minder kontroverze jout. Ho, ik wit al ien: belesting.

Dêrom net, mar it falt my langer op dat, as ik mei immen oer belesting praat (al geane der dagen foarby dat soks net op it aljemint komt, hear), it ús ringen helder wurdt dat wy de iennichste binne dy’t belesting betelje. De oare Nederlanners (dy’t wy foar it gemak pratendewei oantsjutte mei ‘dat rosmos’) betelje net in sint. Nuver, net.
Watte? is dat by jo ek sa? Mar begripe jo wol wat dat betsjut?
Dat betsjut dat wy tegearre – jo en ik – it lân geande hâlde moatte en foar dy oare 16.999.998 lieperts kromlizze. Dêr mei wol wat tsjinoer stean, bin ik fan betinken.
Watsjo? In belestingferleging?
Hahaha, al sa’n moai tinkbyld, yndied, belestingferleging. Mei út ’er stee de klam op tinkbyld.

‘Frede op ierde’ is ek in tinkbyld – en sil dat teffens jimmer bliuwe. Sels frede ûnder Friezen is bytiden fier te sykjen. Sjuch mar nei it erflike hottefyljen op de FB webside ‘Fryslân en de Fryske taal’.
Dêrom net, mar juster lies ik op dy side in stikje fan in Fries om utens dy’t wakker miende, yn Fryslân wurdt jit rûnom Frysk praat.
Moai, net! Hahaha, hoe bryk kin men it betinke? Dat is net iens mear in tinkbyld, dat is in drôchbyld.
Likewol binne der guon dy’t wakker writen dogge en behâld ús memmetaal. Hja kinne neffens my likegoed sûnder helpmiddels yn wyn en stream op wolle, ús skoane sprake driuwt foar top en takel nei gychem.
Dêrom net, mar myn respekt ha jim al!

Nee, om it Frysk hoecht men net nei Fryslân ta, dêr sitte se oan kop en earen ta fol mei Endemol. Dêrom hâld ik my beet oan myn eigen tinkbyld: ús memmetaal is ús heitelân.
Hin?
Jawis, jo meie sizze, ik bin in dreamer! But I’m not the only one