Aparte lju, guon Hollanners, dy’t it mar nuver fine dat ik ljeaver de Fryske flage waaie lit as de Hollânske. Hja fine soks oerdreaun. It binne dikmels deselden dy’t de eagen boppe op ‘e kop hawwe, as Friezen om utens simpele graach in pypfol prate wolle yn harren memmetaal. Kûgels wurde hja dêrfan. Heul apart!

Ik soe sa’n man syn petret wolris sjen wolle, as er jûns it tillevyzjenijs beharkje wol en Fred Emmer (of likefolle wa’t it nijs lêst op it heden) praat allinnich noch Portugeesk: “Vamos ter com o nosso enviado em Londres, para as últimas notícias sobre o Brexit!” En dat er dan mei opstowen seil syn kampearwein útspat en beklei him by syn Hollânske buorman, en dy praat allinnich mar Frânsk werom: “Qu’est-ce qu’il y a, mon ami?” En dat er dan alhiel fan it hynder weromstroffelet nei syn wein en syn wiif falt ynienen tsjin him út: “Aber du spinnst wohl, schätzchen! Wir haben doch immer Deutsch miteinander geredet!?” Hahaha! Dan soed er nei ferrin fan tiid stomme graach wer syn memmetaal heare wolle, tink, en him takom kear grif wat mear tebekhâlde mei syn superieure Hollânsk! Soe it net!?

Jins memmetaal is no ienkear krekt in slachje mear as bleat in kommunikaasjemiddel, sjuch, it rekket oan jins grûn en wêzen, oan jins siel. Benammen Friezen om utens fiele dat sa, wol my oan – harren memmetaal is harren heitelân.