Fan juster ôf mei der wer fjoerwurk oantúgd wurde. Mar inkeld by in leveransier mei fjoerwurkbunker én sprinklerynstallaasje. It kwotum per persoan is 25 kilo. Fuortynienen hinnegean en knal der mar op los, dat is der net by. Earst op 31 desimber fan 6 oere jûns ôf mei it en foar twa oere nachts moat it wer oer wêze. De boete is hûndert euro.

In lyts bytsje sosjolooch soe oan ’e hân fan it nasjonale fjoerwurkbelied in moai byld jaan kinne fan ’e ûntjouwings yn it Nederlân fan ’e lêste fyftich jier. Soks soe in trend toane fan lit mar wapperje oant it allegeduerigen stiver lûken fan de leie troch de oerheid. Eartiids koe men ûnbekommere knalle, hjoed-de-dei sil it net lang mear duorje of wy meie yn in ôffrede rûmte genietsje fan in troch de gemeente tariste fjoerwurkshow.

Myn broer en ik sloegen eartiids fuort nei de krystdagen foar in moannelean oan bûsjild ‘astronauten’ en ‘tongerslaggen’ yn, dy’t wy yn de dagen dêrnei yn in orgy fan leven ploffe lieten. Myn broer, tige gaadlik foar in baan by de eksplosivenoprêdingstsjinst, fabrike dêrta mei it krûd út rotsjes fjoerwurkbommen dêr’t de hjoeddeiske Cobra 6-hângranaten sneu bier njonken binne; it Fryske doarp dêr’t wy wennen skodde op syn grûnfêsten. Dat hat men no ienkear om distiid hinne, seine de lju ferdôve. In Meldpunt Vuurwerkoverlast wie der doe noch net en ek gjin Inspectie Leefomgeving en Transport foar fjoerwurkkontrôles.

De Onderzoeksraad voor Veiligheid gong 1 desimber yn ’e pleit foar in folslein ferbieden fan fjoerwurk. In protte stêden hawwe al fjoerwurkfrije sônen. De plysje hat in ‘programmamanager jaarwisseling’. Tanksij ‘Project Oorworm’ waard 28 tûzen kilo yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen.

De Stichting Maatschappij en Veiligheid pleitet foar fjoerwurkshows. De VNG hâldt foarhâns noch fêst oan de frijheid fan fjoerwurk. Fjoerwurk is no ek al in weromkommend nasjenaal tema wurden.

Neffens de opinypeilers fan I&O Research tekenje har ferskate nije maatskiplike kleauwen ôf. Lofts is foar in ferbod op fjoerwurk en rjuchts is tsjin. It plattelân sjucht it ôfstekken fan fjoerwurk noch as in moaie tradysje, yn de stêden rint de populêrens tebek. Wy kinne dêr klear parallellen sjen mei de diskusje oer Swarte Pyt. Stadichoan nimt it persintaazje dat foar in ferbod is ta (no 47 persint); yn kombinaasje mei fjoerwurkshows wurdt in ferbod troch 53 persint ûnderskreaun. Dat it is wol klear wat kant it oer giet.

‘Puberpedagooch’ Marina van der Wal joech earjuster yn it AD tsjingas. Neffens har kinne âldelju just fjoerwurk goed brûke en lear bern omgean mei ‘risiko’s, gefaar en kicks’. De bân tusken benammen âldelju en har bern kin neffens har besterke wurde troch de wille om it knallen tegearre te hawwen.

It Oogheelkundig Gezelschap is it dêr net mei iens. Likemin as it Verbond van Verzekeraars (de skea oan huzen en auto’s is alle jierren wer tusken de tolve en fyftjin miljoen euro), de soarchfersekerders (Âld en Nij slacht fuort al in moai gat yn ’e budzjetten) en dyjinge dy’t wize op de miljeufersmoarging en de jildfergriemerij (santich miljoen).

Wat foarhinne simpele wille wie – mei ynkalkulearre risiko’s – past no yn ’e trant fan risikomijen. Men kin dy dingen it feilichst oanstekke mei in sigaar, mar wa is der noch dy’t dy deadlike dingen smookt. Ik bin foar in ferbod, mar al mei in gefoel fan weemoedigens.