Ta oantinken fan ’e earste jierdei fan har inisjatyfwet ‘Weardige Libbensein’ joech Pia Dijkstra (D66) in fraachpetear wei oan NRC Handelsblad. Dat stie sneintejûn al op it webstee fan ’e krante (‘D66: meitsje avesaasje mei ûndersyk nei folbrocht libben’). Dêrfandinne dat Gert-Jan Segers (CU) moandeitemoarn der witte betiid ôf moast om nei WNL’s Goedemorgen Nederland ta en doch dêr út ’e doeken dat hastigens him no net sa talake, dat wy it ús just oan tiid dwaan moatte mei ‘Folbrocht libben’. Wakker oan tiid, woed er winliken sizze, leafst ivichduorjend.

Dat der wie spul. Wat goed útkaam, want om ’e krystdagen hinne minderesearret it nijs. ‘D66 en ChristenUnie partoerje net oer ‘folbrocht libben’: Pia Dijkstra wol avesaasje meitsje, Segers warskôget just tsjin hastigens’, wie te lêzen op Volkskrant.nl. ‘Folbrocht libben wer op it rabat yn koälysje’, kaam de NOS fanwegen.

De medysk-etyske kwestje like it ôfrûne jier lang in koälysje mei D66 én CU yn it paad te stean. Oft sprake is fan in folbrocht libben, is de CU fan betinken, is in affearen fan de Skepper, net fan de mins en al hielendal net fan Pia Dijkstra. Yn it einsluten kamen de ûnderhannelers op oerhollânske wize ta in útdragen saak: in ûndersyk en dêrnei sjugge wy fierder.

Mei de kop ‘D66 set folbrochtlibbenswet troch’, dreau NRC yn ’e papierene krante fan juster de saak op ’e spits. Dat wie der in bytsje by troch: Pia Dijkstra hie allinne mar sein dat it ûndersyk yn oardeljier slachs wêze moast. Dan koe se dêrnei fuort teset oer har definitive inisjatyfwet. Hawar, de boel wie oan ’t rôljen.

It idioom om de folbrochtlibbenwet hinne hat wat benearjends. De ‘folbrochtlibbensgroep’, in ‘folbrochtlibbenswinsk’ en de ‘libbenseinbegelieder’ – skielk wurdt dat nei alle tinzen, om’t ik wit dat ferside bringende ôfkoartings by ús de pree hawwe, de LEB’er. It griist my oan, mar dat komt faaks om’t ik tsjin de wet bin – dat ik haw in foaroardiel.

In moannemannich lyn hearde ik in fraachpetear op it radio mei Els van Wijngaarden, skriuwster fan it boek Voltooid leven – over leven en willen sterven, út 2016. Dêr wurde 26 lju yn ûnderstien mei in folbrochtlibbenswinsk en in libbenseinbegeliedersfrage. Minsken dy’t harsels leafst op wetlik tastiene wize tekoart dwaan wolle, hawwe it neffens Van Wijngaarden faken skjin wei fan iensumens en in gefoel fan ûnnut. Doe’t se letter by guon weromkaam, die bliken dat fierwei it grutste part gjin folbrochtlibbenswinsk mear hie. Der wie wat foarfallen – in nije libbensfreon bygelyks – dêr’t se in loksillich folbrochtlibbensgefoel troch skipe hiene. Neffens Van Wijngaarden is it hiele idee fan folbrocht libben eat keunstmjittichs dat út it ‘alles is te meitsjen’-ideaal wei fuortkommen is. De makberens fan it libben is hast beslikke, no de dea noch.

Krekt as Gert-Jan Segers, sij it net út godstsjinstige motiven, griist in oerheid my oan dy’t wetjouwing yn wêzen ropt oangeande folbrocht libben fan sûne minsken. Ik wol op myn âlde dei net in diplomearre libbenseinkonsulint op besite krije dy’t freegjen komt oft der faaks sprake is fan in opkommende folbrochtlibbenswinsk en sa ja, wat er yn dat gefal foar my betsjutte kin.

Justerjûn die it AD te witten dat yn it regearakkoart net in termyn neamd wurdt foar de doer fan it folbrochtlibbensûndersyk. Foar’t dat begjinne kin, moat dêrtaboppe minister Hugo de Jonge earst noch mei in folbrochtlibbensûndersyksopset op ’e lappen komme. Dat is útskriptige dreech en slynt witte folle tiid – mear tiid as Rutte III ta syn foldwaan hat. Dêrmei wie de hiele kwestje wer út ’e wrâld.