De maaitiid brûst alwer ta de fjilden út, it is krekt oft der snie leit. In grut part fan Ibearje jildt dat nammers wol foar – dat der snie leit, bedoel ik. Withoefolle autoriders hawwe fan ’e wike 18(!) oeren fêstsitten yn ’e snie op in grutte autodyk yn Spanje. Hja ferwieten de autoriteiten neitiid wyt(!) en swart; dy hiene neffens har wol wat flugger fanwegenkomme mocht.

De Spaanske minister fan ferkear makke dêr fuort kapsje op. Eigen skuld, seid er.
Sjesa, dêr hiene se net fan werom.
De minister nuansearre syn sizzen neitiid al in bytsje. De boargers moatte har better risselwearje foar’t se fan hûs geane, woed er ha. Men moat bygelyks te allen tide sniekeatlings by jin hawwe.

Dêr hied er al in punt fansels.

As wy eartiids – ik praat oer goed fyftich jier tebek – risselwaasje makken om op fakânsje nei Spanje, wurke ús heit altyd in listke ôf fan saken dy’t mei moasten yn it oanhingweintsje efter ús keverke. En boppe-oan stie sûnder mis: sniekeatlings. Dochs is it in kear foarfallen dat wy al hast oan de Frânske grins ta wiene doe’t wy hol oer bol werom nei hûs moasten – sniekeatlings fergetten.

Mar ik woe winliken hjoed efkes weromkomme op itjinge dat Bert okkerdeis op it rabat brocht yn syn stikje Lit ús 2018 it jier fan it radikale optimisme meitsje. Sachs haw ik wat lêzen dat der net earlik stie, mar neffens my seid er dêre dat loftse lju oer ’t ginneraal optimistysker binne as konservative. In loftse mienskip stiet – ik blêdzje efkes tebek – ‘iepen foar politike, ekonomyske en sosjale fernijing, is ynnovativer en mear op ’e bûtenwrâld rjuchte. Optimisme is in foarútstribjende foarsje, pessimisme in bongel oan ’e foet.’

Hy hat dêr al wat by de ein neffens my.

Sterker, it is neffens my sa dat men op dy lofts/rjuchts-skaal rju mear utersten foarinoar oer sette kin – net allinnich optimistysk fersus pessimistysk, foarútstribjend fersus konservatyf en iepen fersus sletten. Wat tochtst bygelyks fan oannimlik foar wetich oer, en fan nommel fersus misantropysk, demokratysk fersus diktatoriaal, dapper fersus bang, sosjaal fersus nearzich, rynsk fersus neepsk en ljocht fersus tsjuster?

Dêr moat ik fansels fuort de oantekening by meitsje dat in protte lju harsels withoehurd yn ’e lofter helte fan ’e skaal delsette. Teffens lju dy’t dúdlik – foar alleman te sjen – yn har hâlden en dragen noch rjuchtser binne as Attila de Hun. Dat kom mar moai njonken my sitten, hear! It is hjir wol rûch fan it folk, mar as Dzjengis hjir wat opskowe wol, dan is der noch krekt in plakje foar dij.

Mei oare wurden, it âlde biedwurd op de timpel fan Apollo yn Delphi ‘ken dysels’ (‘γνϖθι σεαυτον’) is jitte jimmeroan fan tapassing. Alhoewol’t ik – om mar wat te neamen – nea ofte ninter in sollisitant hân haw dy’t andere: ‘Ikke stress-bestindich? Yn ’e fierste fierte net, man! Hoe krigest it yn ‘t hier?’
Myn eigen skuld ek fansels. Hie ik mar net fan dy domme dingen yn ’e advertinsje opnimme litte moatten – dy’t de bal keatst, kin him werom ferwachtsje, wier.

Dy kin ik no likegoed efkes yn de lofts/rjuchts-skaal smite: wiis fersus dom.
En dêr wol ik fuort wer efkes by oantekenje dat dom of wiis neat mei oplieding út te stean hat, hin. Ik ken lju sûnder foarming dy’t tige wiis binne. En oarsom, lju mei rju edukaasje dy’t … ehh, net wiis binne. Ja, wiis mei harsels, ja. Mar dat is wat oars.
Nim mij bygelyks!
Jonge, wat haw ik yn myn libben net studearre! Mar hoechst net te mienen dat it wat opsmiten hat? Neffens it wiif bin ik nea fierder kommen as mar wat healwiis.