Ja hear, it is safier.
Wêr’t ik op doel is it sa lang oankundige Proses fan Âlderwurden. Ik sjuch dêr wittefolle tekens fan yn myn eigen libben. Ik jou in foarbyld, ik sit ynienen wakker yn noed oer myn toskfleis. Der hat in tiid west dat ik dêr desennialang gjin omtinken oan joech, mar langer is it safier mei my hinne, ik sit dêr mear oer yn as oer it Broeikaseffekt.

Dêr komt noch by dat de jongerein dy’t ik tref alle klapsketen it wurd ‘mynhear’ brûke, mei de útwurking dat ik my allegeduerigen omdraai en sjuch efter my, yn ’e ferwachting dêr immen te sjen dy’t mear akkedearret mei dy oansprekfoarm, bygelyks de Paus of de kommissaris fan ’e Kening, ear’t my begjint te skimerjen, dat jongfolk hat it tsjin mij.

Dêr komt noch by dat as ik besykje in baltsje op te slaan sûnder earst in omstannige warming-up te dwaan, ik wachtsje moat oant it folgjende Kroaningsfeest ear’t ik dat op ’en nij besykje kin.

Dêr komt noch by dat ik op it heden lange, kwikkere petearen haw mei kammeraten – kammeraten dêr’t ik yn in skier ferline ferbeane substânsjes mei slynde en neaken te wetter gong – oer de wichtigens fan in rizelryk dieet.

Dêr komt noch by dat ik my, mei in singelier âldmannich lûd, oan ús soan deselde yntins ûnnoazele dingen freegjen hear dy’t ús âldelju my plichten te freegjen, lykas: ‘Wolsto immen in each útstekke of sa?’

Dêr komt noch by dat ik – en dit eanget my noch it meast – bytiden mysels trappearje mei te núnderjen mei it muzykje yn ’e lift.

Ik bin net de iennichste fansels. Âlderwurden is op it heden in wrâldwide Lifestyle Trend, potinsjeel sels grutter as kabeltillevyzje. Miljoenen fan ús, de gânse legindaryske Baby Boom-ginneraasje fan Ja Zuster Nee Zuster-sjende, beskûlboartsjende, hoelahoepjende, beatmuzyk-adderearjende, hier-groeiende, wiit-smokende, twist-dûnsjende, frije leafde-bedriuwende, resumee-skriuwende, karriêre-misrinnende, fersekering-keapjende, fittens-obsedearre, jûnsskoalle-geande, boarstfieding-jaande, data-minearjende, hippeteek-nimmende, âlderjûn-geande, fisitekaartsjes-útwikseljende, grammefoanplaat-spyljende, toske-flossende yndividuën komme OP JIERREN.

Jawis. Sis it mar helderop, migen: wy komme OP JIERREN. De tiid is ryp en hâld op mei ús te identifisearjen mei Q of Q; njonkelytsen wanket it âldereingimmestyk. Guodzen moatte no ienkear de folwoeksene wêze, en no binne wij oan bar.

It probleem is, ik bin net wis oft wy dêr ryp en ree foar binne. Ik haw foar it grutste part fan myn libben frijwat gedoente hân mei lju fan rûchwei myn jierren, en om earlik te wêzen haw ik net it gefoel dat, as in ploech, wy de wizens en bedagens ferkrige hawwe dy’t nedich is en bestjoer de wrâld, of sels grutte húshâldlike apperaten. Withoefolle fan ús, dêr bin ik fan oertsjûge, belykje inkeld folwoeksenen.

Bygelyks, ik wurkje foar in tydskrift, mei meiwurkers almeast like âld as ik. As jo út it skjinne wetter wei der efkes by ús ynrûnen, soene wy op jo yn it earste oankommen grif de yndruk meitsje fan gewoane lju fan middelbere jierren mei in strik foar en mei skriuwtafels en in eigen húshâlding en ferskate graden fan kealens. ‘Jawis’, soene jo sizze, ‘dat is in ploech folwoeksenen belêstge mei it gearstallen fan in tydskrift ûnder konstante tiidsdruk! Dat binne grif tige konsjinsjeuze lju!’ En dan geane jo fuort, en wy fierder mei stuolbaljen, in spultsje dat wy op in kear útfûn hawwe yn ’e gearsitromte wylst wy besochten in oerlis te hâlden, dêr’t de spilers mei barstende geweld witwêrsanne jeze op harren stoel op tsjiltsjes wilens besykjend in skomrubber bal troch in ring oan ’e muorre te smiten.

Net dat ik hjir no it idee jaan wol dat alles wat wy dogge op kantoar stuolbalspyljen is. Beslist net! It komt foar dat wy de frisbee saaie. En bytiden hoffenje wy ús yn it jonglearjen. En fan en ta jouwe wy sels in tydskrift út, mar jo soene nea op it idee komme, as jo ús in pear wike temûk opstrewearje soene, dat soks ús heechste pree hat.

En it wol my net oan dat inkeld myn fakgenoaten en ik sokke brike setten útheve. Ik leau grif dat de gânse Baby Boom-ginneraasje der kluien oan hat en lit it tinkbyld los dat er De Naasje’ Jongerein fertsjintwurdiget en in ûnferfrjemdber rjucht hat en wês wyld en soargeleas. Dy hiele kredytkrisis is neffens my yn grûn en wêzen werom te bringen ta in ploechje skevels fan middelbere jierren yn ’e kelder fan Lehman Brothers dy’t in top-secret miljardenferzje fan stuolbal spilen.

Dêrom bin ik ek wat huverich by it foarútsjuch fan immen fan myn jierren yn it Tuorke yn De Haach, sjuch. Want ik wit dat as dizze jonge dêr telâne kaam, it nei alle tinken in deimannich tige bêst gean soe, mar dat ik tenei eat optinke soe, inkeld om ’e wille fan ’e wille – bygelyks de Mobile Ienheid it keninklik paleis binnenfalle litte, of in proklamaasje útstjoere ta ynsetting fan in Nasjonale Noaspjuk Dei, of mei it lûd fan Trump in boadskip ynsprekke op it andertapperaat fan Kim Jong-un (‘Tank foar it skiljen. Ik kin op dit stuit spitigernôch ús raketten net mear tebekroppe, mar as jo nei de piip jo namme ynsprekke wolle, dan…’).

Mar de alarmearjende wierheid is, grapjagers fan myn jierren nimme wierliken de leie fan it lân oer, mei de hiele eksetra dy’t dêrby heart. En wat noch folle mear eanget, ik sjuch aloan mear prinsepeale pesysjes ynnommen wurde fan lju dy’t jit jonger binne as ik. It benearjendst binne dokters. As men wekker wurdt nei in freeslik ûngemak en foar it ferstân kriget, se ha jin op ’e rêch lein en fêstbûn yn ôfwachting fan in haastoperaasje, en in persoan komt deryn dy’t fan plan is en fykje jin iepen mei in flime en dy’t wat yn jins partikuliere organen omriert, dan wol men dat de persoan yn kwestje safolle as it mar wat kin Prof. Dr. Hans van Delden beliket, wier. No, hjoed-de-dei hat it eigenskip dat men de eagen opslacht en Justin Bieber sjucht.

Net dat ik it idee jaan wol dat dêr eat oan dien wurde kin. Ik bedoel, wy kinne slim in nije wet yntsjinje dy’t foarskriuwt dat bygelyks piloaten fan grutte fleantugen te allen tide âlder binne as wysels. Dat koe wolris in probleem wurde tsjin de tiid dat wy – sis – tsjin ’e tachtich rinne (‘Dit is de piloat fan dit fleantúch en myn namme is… mhhh, hè ju, niiskrekt wist ik it noch…’).

Nee, de iennichste oplossing foar ús is: wêze wolle dat wy net mear de Hope foar de Takomst binne. De Hope foar de Takomst bestiet no út bern mei in healpûn spikers oan ’e holle, en oan kop en earen ta folskrast mei tatoeaazjes. Wy Baby Boomers binne de Hope foar Hjoed en wy sille ús dêrby dellizze moatte.

Mar dizze moanne earst noch efkes ús de bealich te barsten ite en fjoerpylken ôfstekke, blinder.