De Noard-Koreaanske diktator Kim Jong-un hold juster syn nijjierstaspraak. Hy sette him yn posysje efter in foech alter, dêr’t sân folslein gelikense mikrofoans op stiene. Hy wie twang skarre en opskeard. Kim hie twa boaden. Hy wol prate mei Súd-Koreä en sporters ôffeardigje nei de Winterspullen yn dat lân yn febrewaris. En hy fertelde dat op syn skriuwtafel in knop sit: ien druk en raketten mei kearnkoppen fleane rjuchting FS.

Wolkom yn 2018, it alderbêste, hear.
Oft dat mei dy raketten en dat knop echt wier is witte wy net, mar de tins is net noflik. Sa’n knop op jins skriuwtafel groeit maklik út ta in twangbyld, no. De ferlieding dêrop te drukken kin in mins halje-trawalje te machtich wurde. Kim kin ek wat knoffelje litte op sa’n knop. Of faaks sit dêrnjonken in folslein likense knop, dêr’t Briljante Kammeraat mei om kofje freget by syn siktaresse. De grutste illinde komt meast fuort út it lytste ûnk of tafal – soks witte wy troch de moard op troanopfolger Frans Ferdinand foar in broadsjewinkel yn Serajewo, wat it startskot wie foar WO I.

Neffens Kim is it knop ‘gjin driigjen, mar feitlikens’.

De measte Amerikaanske media seagen net ferheard op fan syn drigemint en help mei ien druk LA of NY nei gychem, mar al fan syn opmerkings oer it twapetear mei de Súd-Koreanen en har Winterspullen. Driigjen went men oan, de soenjende toan njonken de súdlike buorlju wie nij.

Kim wol mei syn taspraak in hân tusken de bast en de beam stekke by de FS en Sina en Súd-Koreä, seine analisten. De Súd-Koreaanske presidint Moon Jae-in fûn it foarfêst in poerbêste speech. Mar sels @realDonaldTrump wie hoeden mei in andert, te witten gjin. Faaks omreden er foar it earst eat fan Kim neikomme kin: sport.

Yn 1971 kaam in Amerikaansk tafeltennisteam op noadzjen fan Grutte Roergonger Mao nei Sina ta. It wie 22 jier lyn dat in offisjele Amerikaanske delegaasje Sina besocht, it wie langer in spultsje fan kâlde fuotten. De ‘pingpongdiplomasy’ sljuchte it paad foar in besite oan Sina fan presidint Nixon, it jier dêrnei, en foar in bettere relaasje tusken beide lannen.

Immen hat Kim yn ’t sin brocht wat sport fermei. Dennis Rodman altemets – de eksintrike basketbalspiler en Kims iennichste Amerikaanske stalke. Syn pake en oprjuchter fan ’e naasje Kim Il-sung woe yn ’e santiger jierren oan ’e foet fan de hillige fjoerberch Paiktû al in wintersportparadys út ’e grûn stampe, mei it wyt dêr op in dei de Winterspullen mei nei Noard-Koreä ta te heljen. Dêr is allegear neat fan telâne kommen, sa net, mar de Kimkes hawwe al in erchje by sport en mei yn ’e rekken dat sport mear is as inkeld sport.

Hat Kim Jong-un noch in pear gnappe reedriders te bieden dy’t it diplomatike offinsyf sportyf stalle kinne? Ik krige de 45ste edysje fan it ûnfolpriizge Schaatsseizoen derby en dêr die spitigernôch út bliken dat it Noard-Koreaanske langebaanriden omtinken yn it neirinnen rekke is. In Am Hyang Mi, in Ri Tae Soy: it hâldt net oer, hja binne noch justjes gjin stoel fanneden, it liket nearne nei. Lokkigernôch is der sa’t skynt noch in foech iisdûnspearke dat it net ûnaardich docht.

Mar winliken ynteressearret it harren de barrels. Meidwaan is wichtiger as winnen. Yn Súd-Koreä kinne se ferromme sykhelje: salang’t syn ûnderdienen net Olympysk sporte, taalt de Weldige Lieder hooplik net nei it knopke. It Grutte Untlitten sil heve, it sil op in teien mei de Winterspullen.