Ien fan ’e meast traumatisearjende aspekten fan it âlderwurden is it belul dat wy net mear deselde lea hawwe dy’t wy hiene doe’t wy 21 wiene. Alteast, ikke. Hoenear’t ik in stoartbad nim, sjuch ik bytiden sûnder erch yn ’e spegel, en haw ik hommels oanstriid en balt: “Ho ris, dat binne hielendal de lea fan mij net! Dat binne de lea fan Paul de Leeuw!”

Mar dat is tige normaal, hear. Balte ûnder ’e brûs, bedoel ik. Âlder wurde lykwols is net normaal. Ik basearje dy útlitting op wiidweidich wittenskiplik ûndersyk yn ’e foarm fan in stik yn ’e krante dat ik ris lêzen haw sit my wat fan yn ’e holle, en dat hjirop delkaam: de libbensferwachting fan minsken yn it wyld is omtrint 35 jier. Lit dat ris yn jo omgean. Dat betsjut dat, as wy yn it wyld libje soene, al wie it yn ’e net-smokersseksje, wy om distiid hinne al lang wjirmesnobbersguod wiene. Dat men kin fan tinken wol ha, âlder as 40 wurde is te’n djipste in euveldied tsjin ’e Natoer.

Allikewol, wy wurde âlder en âlder. Tanksij moderne medyske foarderings as antibioatika, noas-spray en kola-light, hawwe lju yn ’e sivilisearre wrâld de nuvere oanwenst skipe en wurd âlder as 40, bytiden faker as ienris. As jo ek sa’nien binne dan soene jo winliken ris de tiid nimme moatte en ferdjipje jo yn de biologyske feroarings dy’t harren beslach krije yn jo binnenst, dat jo dy net te ûntkommen en folslein natuerlike ferskynsels fan it âlderwurden better begripe en treast wêze sille – de lytse pyntsjes, it weeë opbrekken, it ôfnimmen fan spierfolume en –krêft, de emosjonele tipelsinnigens, it tebekrinnende ûnthâld, it oerhearrich en steksjuggich wurden, ympotinsje, oerhalen, útgroeisels, prostaatfergruttings, beweechberensreduksje, earnstich hertfalen, dea en, dat seit himsels, omtinken pynlike konttsjettelstien – dat is, út ’e rûge roai, it grut aventoer dat ‘middelbere jierren’ hjit.