Fan ’e moarn skreau ik oan Sytze, dêr’t ik okkerwyks mei yn ’e kunde kaam, dat de Jeropeeske naasjesteaten neffens my har sin ferlern hawwe. No skreau Alvin Toffler soks hast in heale iuw lyn ek al, yn syn boek Future Shock, oer naasjesteaten yn it algemien, mar hy doelde doedestiids op it benearjende oanwinnen fan ’e macht fan multinasjonals (ferlykje myn stikje fan 12 novimber lêstlyn). Ik bedoel it justjes positiver, alhoewol’t nasjonalisten – en besibbe naasje – myn arguminten net as sadanich skôgje sille. En nasjonale reginten dy’t noflik in ryklik beleanne sit ynhawwe, sille my likemin de wurden op ’e tosken heine.

Wat ik sizze wol is dat wy nei it yn-wêzen-roppen fan de Jeropeeske Uny (JU) de regearen fan de ferskate lidsteaten fan ûngelikense grutte slite kinne as pinemûle. Hja binne neffens my dinosaurussen yn ’e diggelkast dy’t JU hjit. Oars sein, de regearen fan naasjesteaten yn de JU binne oerbliuwsels út it politike tertsjêr fan Jeropa. Hja binne ryp foar it museum, ree foar JU-rassic Park. As wy net mei gauwens mei harren ôfweevje, dan weevje de dinosaurussen skielk mei de JU ôf. Want nasjonalistyske en protofaksistyske krêften hawwe ús al ta Breksit fierd. Hokfoar lidsteat sil de folgjende wêze dy’t him yn syn besteansrjucht bedrige fielt en út neargeastigens langstme hat (en tebekgean wol) nei it tertsjêr?

Wat binne naasjesteaten yn grûn en wêzen? Hja binne fakenfolle ûntstien troch oarloch en geweld fan lju mei te folle splint en te folle macht – net sekuer it demokratyske proses dêr’t bygelyks de JU troch ûntstien is. Dat wat my oanbelanget fuort mei dy atavistyske keunstmjittige grinzen foar’t it te let is! Lju dy’t harren troch taal, gewoanten of oar kultuerguod oaninoar besibbe fiele, smite neitiid dochs wol de lapen gear. Gjin Blut und Boden-gesoademiter, hoopje ik – dat heart by dy neargeastige naasjesteaten.

Hoe’t boargers harren tenei fertsjintwurdige fiele moatte yn in steatenleaze JU?

Troch it demokratyske proses, ju. Sjuch, it hat eigenskip dat bygelyks Friezen har op it heden net botte fertsjintwurdige fiele yn ’e JU, oft se no yn Nederlân wenje, yn Dútslân of yn Denemark. Watte? Hja fiele har nei alle tinzen net iens fertsjintwurdige yn de respektyflike nasjonale regearen. It wol my oan dat mei it skrassen fan nasjonale grinzen sa’n foltsdiel him frijer en manmachtiger fiele sil en kom op demokratyske wize op foar syn belangen yn de JU.

Dat heart wol wat nei Ulrike Guérot, ornearre Sytze.
Wa is dat yn ’e goedichheid, frege ik argeleas.
Dat is immen dy’t har sterk makket foar in Jeropeeske Republyk, andere er.
Mar wy hawwe dochs al in Jeropeeske rippeblyk mei dy JU, brocht Ûnnoazelsma hjirre nei foaren.
Lês earst har boek mar ris, Jaap!
No, dêr moat ik dan mar efter hear.