It wie ús twadde moanne op ‘e universiteit en prefester naam ús in skriftlik ôf…

Ik snjitske yn in feech – ik wie in konsjinsjeuze studint – troch de fragen hinne, oant… de lêste: Hoe hjit it frommiske dat ús gebou alle dagen skjinmakket?
Grif in grap tink!
Ik hie de himmelster in kearmannich sjoen; hja wie lang, donker, net ûntsjep en in jier tritich. Mar hoe’t hja hiet… hoe soe ík dat yn ‘e goedichheid witte moatte?
Dat… doe’t ik myn wurk ynlevere, wie inkeld dy fraach ûnbeändere bleaun.

Krekt foar’t it kolleezje ôfrûn wie, frege ik oft de lêste fraach ek meitelle soe foar it sifer.
Ja, wat oars, andere prefester kwânskwize ferheard, it binne net allinne “grutte dingen” dy’t bepale oft men kaliber hat!