– Nuver, sis ik tsjin Hindrik, se dogge net in bek op! Der kin fergemy net in “Heu!” of “Goeie!” ôf. Begrypsto sokke lju no? Se sjugge net iens om har hinne!
Hindrik reageart net, sûcht sunichjes oan syn romer en glûpt oer syn brul by my lâns; it timmermanseach stiet op it skerp.
– Neffens my binne it poepen, seit er nei ferrin fan tiid.
– Watsei? O, dát ferklearret de saak! Dy kinne jin oan ‘e hûd foarby rinne en dan noch lyk by jin trochsjen. Hja miene grif, hja ha in fin mear as in bears.
– Hast niis sjoen dat dy fint al sitten gong fóar’t syn frou siet?
– Watte? Dat ûnfatsoen síet al doe’t hja noch bûtendóar stie!

It is amper maityd en dan komme se wer, de toeristen. En Dútsers binne lykas wenst de earsten, én de lêsten. It is hjoed de earste gnappe dei en it is suver oft se om ‘e hoeke stien ha te wachtsjen.
– Jelle, jou ús der noch ien! Dat kin noch krekt foar it iten.
Jelle jout Hindrik syn sin.
– Hee, du!
De holle fljucht Jelle op oranje…
– Hat dy man it tsjin my?
Wy gnize.
– It hat der alles fan.
Wy sjugge him ynwindich oant tsien tellen en dan set er derhinne, mei in ûntspand glimkje op it antlit.
– Dat hat er op yoga leard, ornearret Hindrik.
As Jelle wer werom komt, tapet er in ûnbidich grut glês bier en in Seven-up (of Sân-omheech, sa’t er sels úthâldt), bringt dat by de klanten en set troch de tuskendoar nei de koken ta. In toarne letter komt er der wer yn mei dampende broadsjes en in skaalfol tsiis en fleis. It wetter polsket my om ‘e tosken, as ik dy blijreade plakjes rollade (of is it rosbyf?) lânskommen sjuch. Ik sil aans mei Jelle rekkenje en de klompen thúsbringe; ik haw ek sin oan wat.

– Das Fleis ist kalt, kroasket it frommiske ynienen mei in lûd as in pikelhjerring.
– Das Fleis ist kalt, bilet de man no ek.
– Das Fleis ist kalt!
Dat wie it frommis wer, no lûder. It hat wol wat fan in mantra; lykas miene se dat har probleem op dy manear wol fuortgiet. No is de man wer oan bar…
– Das Fleis ist kalt!!
– Jaja, sa kin it wol ta, rop ik oer it skouder.
De kokensdoar fljucht iepen.
– Wat is der te rêden?
– Der skine klachten te wêzen, seit Hindrik droech en makket mei de holle in gebeart nei it stel oan it taffeltsje by ‘t rút.
Jelle besiket út te lizzen dat fleis op ‘e bôle yn dizze kontreien no ienkear kâld plichtet te wêzen. As antwurd krijt er noch in kear seis te hearren “Das Fleis ist kalt!”.
Dat Jelle set moai rimpen wer nei de koken ta en… komt even letter mei in skaalfol dampend fleisguod werom.

– Wie it fleis kâld, njidzje ik Jelle nei’t er him ferskânze hat efter syn taapkast.
– Ik haw it even yn ‘e mikroweachûne treaun, seit er. Wat in ferstân, net!?
– Lit ús mar rekkenje, sis ik, ik sil op hûs yn.
Ik betelje, nim it lêste út ‘e romer en jou my ôf.
– O ja, rop ik by de útdoar en ik besykje yn ‘e ploai te bliuwen, as dy poepen aansens iis ha wolle ta neigesetsje…
Jelle, goed fan oannimmen, harket mei sân pear earen.
– …éventsjes de soad deroer gean litte!