It wetter yn ’e Rien berikte juster syn hichtepunt. Sân miljoen liter Dútsk en Switsersk wetter rint per sekonde ús lân yn by Tolkeamer. Soks soe yn oare lannen gâns opskuor jaan en mannich delta soe yn ’e splis stean; net hjirsa. Hjirsanne steane de yngenieurs fan Rijkswaterstaat der fernoege by te sjen: alles ferrûn neffens plan. ‘Alles wat we hebben bedacht werkt’, fertelde Harold van Waveren fan Rijkswaterstaat, teffens foarsitter fan ’e Landelijke Coördinatiecommissie Overstromingsdreiging, oan ús Mac van Dinther.

It ‘plan’ hjit Ruimte voor de Rivier. De Betuwe rûn yn 1995 hast ûnder wetter; neitiid waard it plan makke. Dat bestie út 34 projekten dy’t in nije panyksitewaasje tefoaren komme moasten. De kosten waarden rûsd op 2,3 miljard euro yn totaal. De útfiering fan it plan gie yn 2007 fan ’e streek.

Ik besocht juster, yn in partikulier eksploat fan fact-checking, te ferifiearjen oft dat winliken wol koe, 7 miljoen liter per sekonde, te witten 420 miljoen liter yn in minút, 25,2 miljard liter yn ’e oere, 604,8 miljard liter op in dei. Dat is my nochal wat, op syn minst in Fryske See of tritich. Holden se yn Dútslân überhaupt(!) noch wol wetter oer sa, mei dy stjalpskens? Ik besocht út te rekkenjen hoe grut oft in akwarium wêze soe dêr’t men in deifol Rynwetter yn kiperje koe: tsien by tsien by seis kilometer. Grut, mar net ûnoersichtlik grut. Sommen binne moai.

Ik haw altyd in yngenieursbrein ha wollen; de bedaarde oersichtlikens fan opmjitten, útrekkenjen, plannen en útfieren. De werklikheid heine yn sifers en formulen, en neitiid yn in stokramt twinge. Gjin sleau fatalisme, mar aksje. Spitigernôch haw ik in gaosbrein.

Ruimte voor de Rivier hold it nije yngenieurstinken yn. ‘Judo, gjin boksen’, wie tenei it biedwurd. Go with the flow – it machtige wetter, fan bûgen frjemd, net keare wolle, mar it mei de lange leie ride, meiwiuwe, krekt as it reid, en skoat jaan dêr’t it kin. In trioke fan natoer, boukeunst en technyk soe it wurde. Nederlân feiliger, en teffens moaier. Sa waard foarhinne net riddenearre; doe waard der jit opbokst tsjin it wetter en wie skientme eat foar it museum.

It plan wie yn kalk en semint om ende by desimber. It wie no wachtsjen op it wetter. In moai boek kaam út dêr’t foto’s fan de projekten en it hiele ferrin fan it proses yn fêstlein binne: Ruimte voor de Rivier – Veilig en mooi landschap. It boek kostet benei 50 euro, mar dan hat men ek wat: in oade oan ratio en kreativiteit. Mar ek oan it âldfrinzige polderjen: der hie frijwat skikken en skewielen mei anneks west, sjuch. In oade oan Nederlân.

Mei’t te uzes wetter yn ’t spul is, lykje de regels te feroarjen. Dan liket it mienskiplik belang de pree te hawwen boppe it privee belang. Dan is der ynienen ridlikens en ynskiklikens.

Men soe wolle dat wy sa’n plan, Ruimte voor de Rivier, ek op oare stikken fan ’e maatskippij loslitte koene, dat wy dêr de problemen efkes ridlik en rasjoneel oanpakke koene. Mei reewilligens en feardigens; judo, gjin boksen.

It grutste merakel fan Ruimte voor de Rivier wie winliken dat it bombidige projekt neffens skema en budzjet dy’t ôfpraat wiene, folfierd is: der is sels fyftich miljoen oerbleaun (dy’t se no Jaap Slager taskikke wolle; dat stumper hat dat wol fertsjinne).

Justerjûn rûn ik yn tinzen wei by de Lek lâns, sa’t de Rien hjit op it plak dêr’t ik húsmanje. Hy wie breed, machtich breed, sa’t in rivier wêze moat. De uterdiken wiene fol rûn, in v-flecht skiere gies kaam oer en in frachtboat stode mei gong streamôf rjuchting Rotterdaam.