In frommiske op jierren hat yn in hotel fernachte en sil betelje…
– Dat is 250 euro, seit de resepsjonist.
– No moat it net raarder wurde, ropt hja kjel. It wie in gnappe keamer, dat is sa! Mar 250 euro wurdich? Nee, dat beslist net!
– Mar it moarnsmiel sit dêrby yn, ferdútst de resepsjonist reewillich.
– Dat haw ik ommers net brûkt, man!
– Nee, mar jo hiene it wol dwaan KINNEN!
Hawar, hja kin lipe of pipe, de resepsjonist hâldt de foet by de kûle.
– Ik wol mei de baas prate, is it frommiske har rie te’n ein.

De baas, fia de resepsjonist al anneks mei it probleem, komt fuort fanwegen.
– Harkris hjir, mefrou, dut hotel hat in swimbad en in sauna; en dy skave nochal wat út, sjuch!?
– Wat haw ik dêrmei fanneden!? Ik haw dêr gjin brûk fan makke, wol, fan jo swimbad en jo sauna!?
– Nee, mar jo hiene dêr brûk fan meitsje KINNEN!
It frommiske sjucht de man ris rjucht op en del oan, wol noch wat sizze, beriedt har en skriuwt in sjek út.
– Ho even, argewearret de man, dat is in sjek foar mar 50 euro!
– Ik haw 200 rekkene, anderet it frommiske deagemoedereard, foar it by my lizzen.
– Mar… ik haw hielendal net by jo lein!
– Nee, breidet it frommiske it petear deakalm ôf, mar ik wie hjir, dus jo hiene it wol dwaan KINNEN. Goeie!