Mear weagen as wyn. Nei in dei fan omheinebaljen beslút ik koerts nei Norderney te setten.

As ik ienkear ûnder it strân far, haw ik net sa folle lêst mear fan ’e weagen út oarsaak fan de sânbank foar it eilân. It siichje makket dat de punt dêr’t ik om hinne moat – de haven is oarekant eilân – krekt te besilen is. Sa sylt it dochs noch even moai by it sluten fan ’e dei.

Mar nei in goed oere is it dien. It wetter dat him tusken Juist en Norderney troch nei see ta parst, makket dat de moter derby oan moat. Hoenear’t ik it seil strutsen haw en plaksocht by it jelmhout, sjuch ik it hear ris oer.
Wat sille wy no krije?
In oare sylboat driuwket mei faasje rjuchting sânbank. Dat komt net goed. Ik moat der mar efkes hinne.

Neitiid fertelt Werner my, hy hie in healkertier op it dek stien te kreweljen. Ik hie lykwols gjin sjoege jûn. Hy hie risselwearre dat ik him mei sin net sjen woe fanwegen syn Dútske flage en dwaande wie mei… – ja, mei wat winliken? – …lit ús mar sizze mei it tsjinoerstelde fan Wiedergutmachung.
– Hoe krigest it yn ‘t hier, man? Ik ha de oarloch net iens meimakke, alteast net yn direkte sin. Ik, lykas omtrint ús hiele ginneraasje, haw inkeld meigenietsje mocht fan it trauma dat yn Nederlân benefter bleau – bygelyks fan ús heit syn Posttraumatyske Stress Syndroom, sa’t dat op it heden hjit, en dat notydlings behannele wurde soe.
Krimmenikes en gjin ein, ik bin noch gjin twa tellen mei in Dútser op ’e tok en wy ha de oarloch al op it aljemint! Singeliers, net.
Hawar, om koart te kriemen, ik haw de man in sleepke jûn.

Dat wie juster. Doe’t iksels yn ’e haven in plak te mearjen fûn hie, stie er al klear op ’e steger om my op te heinen en nochris te betankjen.
– Gean gau op bêd, man, hie ik koart west. Want ik hie al begrepen dat er yn ien rek fan Flissingen hjir nei ta fearn wie, mei stoarmwaar bytiden en amper in wink yn ’e eagen. En yn ’t sicht fan ’e haven hied er dus ek noch maleur mei it moterke krige.

Mar no sit ik by him oan board en easkje it bierke op dat er my juster oanbean hat.
It is sa waarm hjoed, it pik rint út ‘e naden. Likegoed leit Werner ûnder yn it rûm oan syn moter te nifeljen. It swit rint him ta ’n it burd út as er te’n lêsten oerein komt. Mar hy hat it oprêden, it moterke slacht fuort oan.
– Fan in Werner ferwachtsje ik ek net oars, gnyskje ik.
Haw ik it no fergemy alwer oer de oarloch? Dat moat ophâlde, hear!

Mar it hâldt net op. It wurdt noch slimmer, folle slimmer…

Werner syn âldelju hawwe de kampen net oerlibbe. Sels hat er de oarloch net bewust meimakke, fertelt er. En hy is opwoeksen yn East-Dútslân.
Nuver moat soks west hawwe, op te waaksen ûnder it folts dat de moardners fan jins âldelju opsmiten hat.
– Sa moatst dat net sjen, seit er, it is myn folts en myn taal. It is de taal dêr’t ik myn boeken yn skriuw. Moatst net ferjitte, dat ús famylje hjir al goed fjouwerhûndert jier wennet.
Dat bedoelde ik just; dat jins eigen buorlju har nettsjinsteande dy lange tradysje fan ’e iene dei op de oare tsjin jin keare. Soks raast dochs oan ’e stjerren!
– Spielt keine Rolle, slút Werner dy pyste beret ôf.

Nei de delfal fan De Muorre woed er fuort, nee, moast er fuort, fuort fan alles.
Wêrfandinne dy hommelse ûnrêst?
– Twa dingen, seit er.
Oan ’e iene kant hie dêr it ûnhuere materialisme west, dat ûnûntkomber út it rike westen wei it lân yn spielde. En dêr wie it ysbaarlike antysemitisme, dat op dyselde weach meisylde, noch bykommen.
– Yn East-Dútslân hat nea sprake west fan Joadehaat, sjuch!
“Nea” liket my wol wat lang yn it ljocht fan wat er my niiskrekt ferteld hat oer wat syn âldelju wjerfearn is. Mar toe mar, ik wol him dat klibke skiedsferfalsking wol ta ha. Wy moatte op it lêst dy frekte oarloch net op ‘en nij op ’t rabat hawwe!
Yn Súd-Afrika hied er de rêst weromfûn, yn ’e lytsskaligens dêre, yn ’e midlike mjitte.

In skipperke mei in suterige pet op stiet op ’e steger en freget oft Werner help fanneden is mei it reparearjen fan ’e moter. Werner anderet dat it al yn streken is, it maleur is ferholpen. Likegoed nûget er him oan board. En it mantsje sjucht der gjin bonken yn en akseptearje in buorrel foar net-levere tsjinsten.

Hy proat Plattdútsch. Dat mei in bytsje witnis fan it Grinslânsk is de man goed nei te kommen. Moai, dan kin er my fuort efkes… ehh, ferdútse, wat dat Moayn! of Moin! betsjut dêr’t er niis mei ynkaam, en dat ik fan ’e moarn op it havenkantoar ek al om ’e earen krige. Twa kear efterinoar sels, doe’t ik de doar út sette.
Ja, dat sizze wy hjir no ienkear, wie it beskie fan it ferstuivere skipperke.
Sjuch, mei sokke mannen wol it prate.
Neffens my is it sa, joech Werner útrêding, dat dy groet inkeld oan ’e kust brûkt wurdt en sokssawat betsjut as: in moaie wyn tawinske hjoed!
Tige tank, Werner. Wêrom haw ik it net fuortendaalks oan dij frege? En wat betsjut it, as se it twa kear efterinoar sizze? In stive striker tawinske hjoed, hahaha?
Ja, dat wist Werner ek net. In moaie wyn tawinske moarn?