It ûndersyksburo Ipsos brocht fan ’e wike it rapport Perils of Perception út, gefaren fan persepsje. Yn 38 lannen waarden hast tritichtûzen lju ûnderstien oer harren persepsje fan eleminten út de werklikheid, bygelyks moardsifers, terrorisme, krimmenele útlanners en jongfammen dy’t mei ’t pak thúskomme. De konklúzjes: ‘Persepsjes binne gjin werklikheid’ en ‘Dingen binne net sa slim as it liket’.

Yn ’e misfettingsyndeks hâlde Nederlanners de midden: wy hawwe dingen dikmels te negatyf. Sa tinkt 73 persint dat it tal moarden sûnt 2000 omheech gongen of lykbleaun is. Yn werklikheid is it moardsifer sûnt 2000 hast mei de helte (46%) tebekrûn. Nederlanners miene dat fan alle finzenen mear as de helte (51%) útlanner is, wylst it wiere persintaazje 19 is. Wy miene neffens Ipsos dat in fearn fan alle Nederlanners sûker hat, wylst it reële sifer ien op santjin is. Alle jierren wurdt 12 persint fan ’e Nederlânske jongfammen swier (freezje wy), mar lokkigernôch is it mar 0,4 persint.

Ipsos stelt fêst dat de misfettings it grutst binne by kwestjes dy’t geregeld yn it nijs binne: terrorisme, moard, ymmigraasje, krupsjes. Neffens de ûndersikers hinget men der ta oer en haw in te negatyf oardiel oer dingen dêr’t men oer yn sit. Moard, deaslach en oare ellinde wurde yn it nijs omtinken foarbrocht, yn minsken ûnthâld bliuwt negative ynformaasje better hingjen as positive en it risseltaat is in loaits oer de werklikheid troch in pijlekkense brul.

Dy driuw wie ek dúdlik en klear te sjen yn it nijste rapport fan it SCP, De sociale staat van Nederland 2017, dat ôfrûne wike útkaam. It is yn striid mei de persepsje fan de wittenskipslju sels, dy fan fierwei it grutste part fan de sjoernalisten en winliken dy fan eltsenien dy’t mient dat it faai stiet mei Nederlân.

Yn tsjinstelling ta wat men dikmels heart en lêst, docht bliken dat de trochhinne Nederlanner yn ’e lêste 25 jier net ûntefredener wurden is, net erchtinkender oer de polityk, dat der yn syn tinzen net in ‘ruk nei rjuchts ta’ west hat en dat syn miening oer ymmigraasje just in gisel te’n goede makke hat.

Wy appelje fan sûnens, wy wurde jimmer âlder, it tal heechoplate lju hat him sûnt 1990 ferdûbele, de misdiedigens sakket, it betrouwen yn ’e plysje is grut, it betrouwen fan boargers yninoar dêrta, wy kinne hieltyd faker mei fekânsje en it tal oeren dat wy it libben op in taffelsbuordsje hawwe is oprûn fan 1,2 nei 2 oeren wyks.

Fan tinken kin men wol ha dat nea earder yn ’e minsklike stoarje in rapport útbrocht is dêr’t safolle foarspoed, lokkigens en tefredenens út nei foaren komt. De trochhinne Nederlanner jout syn libben in rapport mei allinne mar achten. Wente, freonen, fermidden, maatskiplike posysje, jildlike middels, oplieding: it is allegearre poerbêst. It heechste sifer kriget ‘It libben op it heden’: in 8,4. It rapportsifer foar ‘lokkigens en tefredenens’ is in 8-, dy min beheart ta it Nederlânske foltsaard; 85 persint neamt himsels ‘tierich’, in like grut persintaazje achtet himsels ‘lokkich’.

Dat alles yn ’e lift sit, is 67 persint fan tinken – foar de 21 persint oer dy’t dat oars sjucht. Dy lêste groep heare faaks de lju ta dy’t har neffens de SCP-ûndersikers ‘net ferstien’ fiele (15%).

Alhoewol’t se sa’t hjit net ferstien wurde, hawwe se wol in grutte ynfloed op de persepsje fan de steat fan Nederlân – oant de lju fan SCP-direkteur Kim Putters ús op de bjusterbaarlike werklikheid wiisden. De media – alwer en alwer de media – lizze neffens it SCP de klam te bot op de ûntefredenens fan dy net-ferstiene lju. Dêrtroch kin men sachs de yndruk krije dat it der yn dit lân heil om seil om wei giet, wylst se allinne mar yn Noarwei noch krekt in knikje tefredener binne as wy hjirre – wachtsje mar oant de oalje op is.