– De oare deis, nimt Hindrik de trie wer op, hie ik wat putsjes oan dek by de ein. De buorlju wiene der net. Efternei die bliken dat hja in pear dagen weibliuwe soene.

Krimmenikes en gjin ein, flikt er it my wer! Dy erflike sydstapkes fan him! Ien ding haw ik no wol foar it ferstân, nei dy tsjeppe Frânske buorfrou kin ik fluitsje!

– Dy middeis stie der likewol in man op it boat fan de buorlju op my del te sjen: “Hi there!”
“Heu”, joech ik werom en gong fierder mei dêr’t ik mei dwaande wie.
Nei ferrin fan tiid seid er: “It wiif en ik hawwe gin&tonics! Wolsto ek ien ha?”
“Wêr dat?” frege ik en mei seach ik op it horloazje – lykas wie ik fan ‘e gin&tonics-plysje.
“Hjirnjonken”, knikte er nei it foarste boat oan ’e steger.
“In Ingelske flagge,” stelde ik yn in eachopslach fêst, “en in Australyske tongslach!?”
“It wiif komt út Ingelân,” ferklearre er laitsjend, “en it is har boat, sjuch!”

“Dave” seid er, doe’t ik by harren oan board stapte, en hy swingele my de earm amper út it potsje. In prûs, skeinsprutich frommes mei wielderich read hier, sigaret nonsjalant tusken ’e slanke fingers, siet foar him oer. Ik stelde my menearlik foar. “Wat bisto grut, leave!” koerde se en toande my in rige krytwite tosken. Har lûd klokte as in djoere wyn út in folle flesse… ehh, ast begrypst wat ik bedoel…

Hindrik sjucht my fansiden oan. Ik knik mei ynmoed – toe, ju, gean no fierder!

– Har jurkje hie wol wat fan in gapske jerapelsek. It bleau hingjen op twa strikjes. Ik mocht it wol lije; it toande har skonken ta… eh, spannende hichte, sil ik mar sizze… Ik fal o sa op skonken, sjuch! Ta menear fan sprekken dan, hin! En inkeld frouljusskonken fansels!
Sûnder har geryflike posysje te feroarjen kloppe hja njonken har op de bank: “Gean hjir mar sitten, leave!” Har Dave (of Daif, sa’t er it sels sei) kaam al oansetten mei in blikje folle glêzen.

Wy hawwe protten wille hân, dy middei! Hea, wat ha wy lake!
Nei it earste rûntsje koe Daif sitten bliuwe, Mary – sa hiet se – soe tenei de honneurs waarnimme. Doe’t hja foar de safolste kear yn ‘e kombof ferdwûn wie en folje de glêzen, stinde Daif tsjin my: “Ik wit net, hja is wakker op ‘e gleed, Hindrik. Silst sjen, mei omtrint in oere wol se ek noch seks hawwe… Sis,” seach er my ynienen op en del oan, “hasto wat te dwaan mei in oere?”
Ik haw doe wat ûnnoazel lake. Ik stie mei it mûlfol tosken. Dat komt my oars net sa gau oer. Ja, hoe soesto yn sa’n gefal reagearre hawwe?

Ikke!? Ik haw der gjin aan fan. Mar, gean fierder!

– Mary kaam it treppentsje wer op soeikjen mei trije glêzen yn ’e hannen; it sjike Ingelske blikje hie de put derút sa’t like. Hja gong wakker djip yn ’e bocht en bied Daif, dy’t foar my oer siet, it glês tusken har fingerseinen oan en… bea mij sadwaande in eachweid dêr’t ik my net gau sêd oan sjen soe. Doe ferlear dy smycht sabeare it lykwicht en foel heal tsjin my oan, wiles de oare twa glêzen omheechhâldend. “Net in drip griemd!” skattere se triomfantlik.
Daif gong skodholjend by it treppentsje del om nei it húske. En op ’en nij treau se my sûnder freegjen in sigaret tusken ’e lippen. En doe, wylst se fjoer joech, biet se my wrimpen yn ‘t skouder!
Hahaha, sa wie se, myn bloody merje… uuhhh, Mary, woe ‘k sizze.

Hawar, wer werom op myn eigen boat barste ik fan ‘e enerzjy; dat haw ik no ienkear nei gin&tonics. Dêrom keapje ik dy rommel sels net, sjuch. Dat is punt twa. Punt ien is: ik mei it fierstente graach. Mei it folume fan ‘e seedeespiler witte heech dûnse ik op ‘e muzyk fan Aretha Franklin de kombof op en del en reitsje wat fan dy oerstallige enerzjy kwyt.

It duorre net sa lang of dêr wie Mary ek al. Oft se meidwaan mocht.
Ik woe earst fan har witte wêr oft Daif wie. No, dy lei te koesen. Dat die er altyd, sei se, as er drank op hie.
Nuver fyn ik soks; ik krij just mear enerzjy!”
Wat tocht dij dat dy dogeneat doe sei?
Ik ek!”
En se liet har sa, slop fan it laitsjen, fan ‘e tredde triem fan it treppentsje by my yn ‘e earms donderje.

Under it dûnsjen op in wat kalmer nûmer die ik ympulsyf eat dêr’t ik dy middeis alris op sind hie: ik naam my de strikjes ien foar ien tusken de tosken en luts. Dêr rûgele de “jerapelsek” al oer de flier en Mary stie yn folle gloarje foar my. It die bliken, se hie ien boarst. Op it plak dêr’t har lofter sitten hie, sieten inkeld wat fâlden en groeden. Sêft lei ik de hân dêre: “What happened to you?” Hja spalke har grutte griene eagen op, lake har krytwite tosken bleat, sloech de earms om my hinne, doe har alderprachtichst moaie skonken, skodde de holle mei de grutte bosk fjoerread hier efteroer en koerde foldien, oft it gelok har wierliken oan ’e kont hong: “LIFE!!!”