Yn it Amerikaanske wittenskiplike tydskrift BioScience stie ôfrûne moandei in ‘weitsrop oan it minskdom’: it stiet noch jimmer faai mei de ierde (it wiist hieltyd mâlder) en as wy net ferskuorrende hurd fanwegenkomme – en dien wurk meitsje – sille der rampen-sûnder-wjergea barre. De weitsrop wie ûnderskreaun fan sechstjin tûzen learden út 184 lannen.

It hat eigenskip dat de weitsrop jo ûntkommen is, want de Volkskrant joech der gjin omtinken oan. Oare Nederlânske kranten net of amperoan. The Guardian en The New York Times makken ek gjin regaad op it alaarmbrief. En dat, wylst der dochs in moai aktuele link lein wurde kinnen hie mei de Feriene Naasjes’ Klimaattop yn Bonn.

In fearnsiuw lyn publisearre in groep fan 1700 gelearden in eardere ‘weitsrop oan it minskdom’, dêr’t yn oanmurken waard dat de útstjit fan koaledamp, it ôftakjen fan it bio-ferskaat, de befolkingsoanwaaks en oare sinjalen op read stiene. Dy weitsrop waard doe wakker omtinken oan jûn yn ’e publisiteit.

Yn dy fan dizze wike waard belôke hoe’t de sitewaasje him sûnt ûntwûn hie. Net sa bêst. De útstjit fan koaledamp wie mei 62 persint oanboazge, de wrâldbefolking mei 35 (dat binne twa miljard minsken), mar sûchdieren, reptilen en fisken hawwe in stjit lit fan hast 30 persint. Sônen sûnder libben yn ’e oseanen namen alarmearjend ta, miljoenen hektaren beamte waard kappe en de middeltemperatuer rûn op mei 0,5 graad. Ofgryslik.

Wêrom wie de wrâld net út ’e rizels?

Op 31 augustus 1971 hie de sjoernalist A. de Kool fan NRC Handelsblad in wrâldprimeur. Hy hie as earste de fynsten fan de Klup fan Rome ynsjen meien, in selskip fan 35 gelearden en lju fan kwizekwânsje út de sakewrâld. De Klup fan Rome hie in relatyf nij apperaat by de ein hân, in kompjûter fan it MIT, om te berekkenjen hoe’t it like mei de grûnstoffoarrieden fan ’e wrâld. It die bliken, der kaam in ein fan ’e groei.

‘Der wanket in ramp foar de wrâld’, oppenearre NRC. De lêzers skrillen op – doedestiids noch al.

In healjier letter kaam Grinzen oan ’e groei út, it boekje dêr’t de ûndersyksrisseltaten yn stiene. Yn tiid fan in pear moannen wiene dêr allinnich yn it Nederlân al 300 tûzen fan ferkoft. Grinzen oan ’e groei wie, alhoewol’t bliken die dat de foarsizzings net allegear like sekuer wiene, it startskot foar bewustwurding: sa kin it net langer.

Hûnderten rapporten en weitsroppen letter is der sprake fan apokalypsapatie. By de media en by it publyk. Oars is de sleauwe reaksje op it resinte rapport net te ferklearjen. Ik haw der sels ek net wekker fan lein. Wy lûke oan ’e skouders en hoopje mar dat de wrâld net oan ien spiker hinget. Der komt (ek) in ein fan ús min nijs-opnimmingsfermogen.

Der binne teffens dingen dy’t ál fertuten dogge. It gat yn de oazonlaach hat yn tritich jier net sa lyts west, de befolkingsoanwaaks takket ôf yn party lannen, tank sij better ûnderrjocht foar famkes, de boskkap rint tebek yn ferskate lânsdouwen, de earmoed is wrâldomfiemjend slonken fan komsa en de produksje fan duorsume enerzjy rint rêd op. Wylst it rapport ferdútst dat it totale kwantum farsk wetter mei 26 persint belekke is, skreau de Noarske skiedkundige en rasoptimist Johan Norberg yn syn ôfrûne jier útkommen boek Foarútgong dat yn ’e ferline fearnsiuw 2,5 miljard minsken skjin wetter ta harren foldwaan krige hawwe – faaks stiet it iene mei it oare yn ferbining.

Pessimisme en alarmisme jouwe apaty sa’t it liket, optimisme krêftdiedigens. Dêr moatte wy konklúzjes út lûke. Faaks moatte wy mei it pessimisme brekke, sûnder te ferfallen oan optimisme mei in reef yn ’t seil. As fariant op in ferneamd aforisme: ‘It moat earst op it mâlst ear’t it betteret’. De wrâldwide útstjit fan koaledamp boazget dit jier wer oan mei twa persint (rampsillich). Mar minister Wiebes fan Klimaat sette it Nederlân yn in kopgroep fan lannen dy’t de útstjit fierder ferlytse sil as ôfpraat. En hy ûnthiet dat it Nederlân fan 2030 ôf gjin stienkoal mear stoke sil (tyngen dy’t moed jouwe).