In masterlike muzikale biis bruts yn in rep it iis

Ik wie spitigernôch net bywêzich, by it konsert dat Boef joech op it Grinzer popfestival Noorderslag. Mar wat Robert van Gijssel juster skreau, soe men oan sizze dat it in sneontejûn wie dêr’t noch jamk fan ophelle wurde sil. Dat lit ús dêr fuort mar mei fan ’e streek gean.

Rapper Boef hjit gewoan fan Boef, dat ‘rapper’ wurdt der foarset om’t er langer trochkrongen is ta de mainstreammedia – dy hawwe der ‘rapper’ foarset. Oars begrypt net ien der wat fan, sjuch. Boef hjit Soufiane Boussaadia, mar mei’t se in rapper by syn wiere namme neame, wurdt it him net fansels, dan giet er oan it wiif en set er him nei wenjen yn in trochskynhûs mei in middenklasser foar de doar.

Rapper Boef stiet op gâns in namme en hat in bêste gisel makke. Koartlyn die er te witten, hy wie miljonêr wurden. Dat hat er, bûten syn talint as rapper om, mei te tankjen oan syn oanlis foar de krekte provokaasje op it krekte stuit. Dêrom net, mar dat hat jimmeroan sa west, sûnt de oertiid fan ’e popmuzyk – sa hawwe de Rolling Stones ek namme makke. De provokaasje dy’t goed roaid is, is gjin kearensein oan foar de media, hja moatte in reaksje jaan; en de opperteur mar rispje.

Dêr komt noch by dat in provokaasje dy’t it yn it lid rekket, neitiid aardich sleet opsmyt. It grutte barren yn it wrâldnijs fan ôfrûne sneon wie de boetfeardigens fan rapper Boef yn Grins. Van Gijssel neamde it dêrfandinne in ‘knievalconcert’, no al it wurd fan 2018.

Rapper Boef hie yn in filmke om âld en nij hinne trije fammen dy’t him in lift jûn hiene, ‘kechs’ neamd. Doe wie de duvel fan ’t keatling, want ‘kech’ is rappersk foar lodske, dat it minskbyld fan rapper Boef koe men fan rieden wol ha. Alleman smiet him op de saak-rapper Boef, wat it ynhold (de pesysje fan de frou binnen it mohammedanisme) en wat der te dwaan stie (gjin belul). Rapper Boef hie yn ’t earst net rjucht yn ’e kaart dat er raar wurk makke hie, it wurd lei him al in skoftke yn ’e mûle bestoarn sûnder dat it swierrichheden joech. Mar ek rappers misse wolris in kriemke yn ’e tiidgeast.

Hawar, yn Grins wie it affearen ôfrûne freed op it aljemint yn in Boef-debat. Dat dreau de spanning al moai op. Dy rûn sneontejûn jit fierder op ta ‘oorlogsniveau’, brocht bywêzige Robert van Gijssel mei de waarme hân oer. De ferslachjouwer hold him de lea stikken, wat soe der barre? Soe rapper Boef mei in tsûnamy fan bier te pronk set wurde?

Doe wie it safier, ik sitearje: ‘Boef reikte het land de hand op nooit eerder vertoonde wijze: op een podium.’ It lân koe ferromme sykhelje; 21 jannewaris 2018, Frede fan Grins. It Radio 1-sjoernaal iepene mei it grutte nijs. It hie likegoed syn einpunt fine kinnen yn in ordinêre lynchpartij of sels in boargeroarloch, mar mei in masterlike muzikale biis bruts rapper Boef yn in rep it iis. Dan bist in gruttenien.

‘Wij rappers zeggen bitches en zo’, song rapper Boef, ‘maar wij vinden vrouwen echt niet minder of zo’ – rappers binne slij nei kreupelrym.

De reaksjes fan it publyk koe út opmakke wurde dat se rapper Boef syn misse set ferjûn hiene, hielendal doe’t er it oer ‘ladies’ hie.

Dêr wie de saak-rapper Boef mei ôfdien. It wachtsjen is no op wat Ronnie Flex en Lil’ Kleine dogge. No’t rapper Boef sa’n boppeslach makke hat mei syn boetfeardigens, falt net út te sluten dat wy in provokaasje- en berou-trend ûnder rappers te sjen krije, want dy jonges binne withoesnoad en stjerrende kommersjeel.

Rapper Boef die te witten dat er nei alle tinken nea de ideale skoansoan wurde sil.
Mar winliken is er dat al, nei sneontejûn.