Yn ‘e tiid doe’t alles gâns minder koste as hjoed, siet in jonkje allinnich oan in taffeltsje yn it strânpaviljoen dêr’t ik fekânsjewurk die…

Ik frege wat oft er brûke woe.
– Wat kostet in fruchte-iis?
– Fyftich sint, andere ik.
It jonkje telde sekuer alle sinten dy’t er yn it knûstke hold…
– En in sorbet, frege er doe.
Oare klanten seagen al ûnferduldich ús kant op, dat it begûn my yn te baarnen.
Fiifentritich sint, sei ik wrimpen.
It jonkje telde nochris.
– In sorbet, asjebleaft!
Ik brocht him syn bestelling en lei it rekkentsje by him del.
It jonkje behimmele it sorbet, betelle by de kassa en sette ôf.

Doe’t ik it taffeltsje ôfromje woe, skeat my it moed fol…
Dêre, kreas oardere njonken syn lege glês, leine 10 sinten en 1 stoer. It jonkje hie it fruchte-iis net nimme wollen… om mij!