Sjuch, doe’t okkerwyks op it Portugeeske tillevyzje – as ‘nijs fan ’e lêste oere’ – foarbrocht waard dat de Hollanner(!) Kimi Raikkonen en de Bels(!) Max Verstappen by de Grutte Priis fan Brazylje fan de twadde startrige ôf begjinne soene, wie ik in knikje fan ’e regel. Yntiid bin ik wer wat op ’e kluten bûkele. Mar dat de Hollânske(!) sjoernalistyk ûnder oanfiering fan ‘ús’ Bert de kandidatuer fan ús Porto folslein oer de harsens sjucht, raast oan ’e stjerren fansels. Ik bin alhiel fan ’t hynder.

En nee, Bert, de maffia bliuwt net beheind ta Itaalje, nee. Syn wurkterrein hat him – al in hoartsje werom – in gruzeltsje útwreide. Dêr is sa’t it liket net eltsenien anneks mei. Dêrom bestek ik it no efkes mei spjeld en nudle: de maffia is rûnom, sit witwêr mei yn ’e kompe en hat eagen op ’e kont.
Foar ’t neiste hawwe dêrom net de arguminten dy’t OER ’e tafel gongen de trochslach jûn wat it ynwinnen fan it Jeropeeske Buro foar Genêsmiddels (JBG) foar Amsterdaam oanbelanget.

Dêrom net, ik wol dy net de opteinens oer dy ‘politike’ triomf fan Bos-en-har ôfkrije, hear. Ik kin wol sjen datst út ’e skroeven bist – dy’t eagen hat kin it mar lêze. Ik wol dy ek net de niget oan bygelyks it fuotbal of de hurdfytserij teknieze. Ik wol dy inkeld dit te hâlden jaan: alles wat liket hoecht noch net wier te wêzen.

Mei freonlike groetnisse,
Jan ‘Tiago’ Blogger