Leave suster,

Ja, dat is hjir ek. Moarn en oermoarn binne hjirre ek frije dagen. Mardi gras in offisjelenien en moarn wurdt fan in bulte Portugezen in frije dei nommen, in ‘dia de ponte’ – in ‘oerbrêgingsdei’, sis mar. Ik wit net, is dêr ek in Nederlânsk wurd foar? Moatsto witte? It foarige sintrum/rjuchtse regear fan PSD en CDS û.l.f. Pedro Passos Coelho hat in mannich frije dagen ôfskaft. Doe fûnen de Portugeeske bedriuwen en tsjerken boargerlike oerhearrigens út, benammen om distiid hinne. Dat it Partido Socialista fan António Costa hat mei stipe fan kommunisten en it loftse blok dy dagen fuort mar wer weromjûn oan it folk: as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin (sei António en slatte mei de gatsjepanne).

Tank foar dyn wolkomstwurd!
Mar sechstich wie it oergearkommen mar, hear. Tritich jier gnúfde ik tsjinoan as de baarch tsjin it ringen, wit ik noch. Mar doe’t bliken die, dat de measte kollega’s my doe al om fyftich hinne rûsden, wiene de folgjende desennia my winliken likefolle as in slach oan ‘e kop. Boppedat is it net natuerlik, sa âld wurde. Ommers, de libbensferwachting fan minsken yn it wyld is omtrint 35 jier. Dat betsjut dat, as wy yn it wyld libje soene, al wie it yn ’e net-smokersseksje, wy om distiid hinne al lang fan ‘e wjirmen tegnibbele wiene. Dat sechstich wurde is in euveldied tsjin Mem Natoer. Ferskate freonen binne al dea of rûke nei de lodde, dat ‘gjin drokte!’ hoecht men langer net mear op oan te stean. 😉
A ja, fanke, sit dêr mar net oer yn, wy hawwe in noflike dei hân.

Wy hawwe no ek in pear kâlde nachten hân hjirre, dat de bananebeamkeboel is nei gychem. Hja tebaarne al by ien graad froast, mar de beane binne moai (as ik net yn ‘e beane bin). Ja, en de maitiid brûst en strûst oer en út de fjilden fansels. It is bytiden krekt oft it snijd hat – alteast, by sinneskynwaar, dêr’t de koweblomkes har by ûntjouwe. Hjoed nammers net. De loft sette ticht om ‘e middei hinne. Mar it is al in stik waarmer as de ôfrûne dagen – in graad of 18, roai ik.

Alles goed by jimme fierders, ek mei de bern en de bernsbern? Wêr jaskje jim om op it heden? Afrika, Amearika, Austraalje, Pyongyang? Of binne jim gewoan by honk? Soe al ris wat oars wêze fansels! 😉 As jim mar goed sûn binne en genietsje kinne fan jim frijens – frijens blijens.

Grouwe tút,
Jaap