– Heu, Hindrik! Hoe stiet it mei de meneaten?
– Heu, Japik! Ik wit net; der is net in tillegraaf…
– No, dat is ék in spul!
– Zal ik een Telegraaf voor u kopen, freget Johan reewillich wylst er de hân ophâldt.
– Wat wol dy jonge?
– ‘k Wit net. Jou menear Hindrik ris kreas in hantsje, jonge! Just, Jehannes! In omkesizzer, ferklearje ik, út Hoofddorp wei; woe perfoarst ris by it keatsen sjen. Hin, Jóhan!?
Wy skowe njonken Hindrik yn ‘e houtene bank.
Ynienen sjucht in mûtele búk my troch de nâle oan. Yn dy nâle is in sulveren rinkje befrissele.
– Sis it mar!
Ik sjuch benijd op…
Lyk foar my oer stiet in foech fanke; (te?) lege broek en (te?) heech himd, skelkje foar, blikje yn ‘e hân. It fanke sjucht ús bliereagich en mei grutte ferwachtings oan.
Der komt my wol wat yn it sin, mar… neat foechsums; dat effekt ha sokke fammen wol faker op my.
Ik sjuch fansiden foar help.
– Jou my mar in bakje kofje, fanke! Do ek, Japik? En wat wol de lyts jonge ha? Appelsap…? En in fleske apelsop, fanke!
It frommiske keart ús de rêch ta. En op dy rêch, krekt boppe de broeksbân, is in ûnbidige fûgel tatoeëard. Is it wol in fûgel? De wanskik hat wat meganysk; men soe him ferwachtsje op in Dútske hélm… of op in motorfyts.
Hindrik sjucht fansiden.
– Koest it wol moai fine…

Dêr is se al mei it drinken.
Hindrik sil ta de ponge; wy krije der suver spul om. It fanke kôget ûnferskillich op har kaugom; it is har allike folle. Se set ôf mei myn bankje fan fiif.
– Om earlik te wêzen, haw ik iten en dronken, as ik dat sjuch! Ik kin der mei myn ferstân net by, wêrom’t ien soks dwaan lit. Sa’n fanke is ommers sa geef as kryt! Wêrom lit se har yn ‘e goedichheid sa skansearje!? Begrypsto soks…?
Hindrik lûkt oan ‘e skouders.
– Om op te fallen tink…
– Ik haw langer it idee, men falt earst op as men nét meidocht oan dy kluchten!
Wy sjugge it fanke oare kant fjild omstippen by Wessel en syn maten.
– Ik leau, do kinst fluitsje nei dyn wikseljild.
– Och, dat wie it measte net, ju.
– Dêr giet it net om, sjucht Hindrik steech fansiden.
Ik bear dat ik alhiel opgean yn ‘e keatserij. Yn wurklikheid lûkt it each allegeduerigen nei dy mâle Dútske fûgel.
– Nee, preuvelje ik op it lêst, jou my mar in geef lichem!
– Dat bin ik net mei dy iens…!
– Hoe no, miich? Woesto sizze datst dy leagraffiti moai fynst?
– Och heare, nee, man, wêr hast it oer! Ik woe inkeld mar sizze dat ik sowieso net fal op dy nochteren keallen. Ek al grieme se har fol mei make-up, inket of wit hokfoar rommel, se bliuwe dy’t se binne, oerflakkich en ûnynteressant… Ik mei in frommis dy’t wat meimakke hat, gâns leaver lije. Ien dy’t fan it libben tekene is, begrypste!? Ien mei in bêste skras oer de lea, of oer de siel… sa’nien fyn ik ynteressant!